Waarpraatsje: Tiisdei in soad wyn
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in kâlde nacht mei yn Ljouwert -3,5 en Twente sels -6,7 wie it ek in kâlde en tige skiere moandei mei letter rein. Yn ‘e rin fan ‘e middei gie de temperatuer lang om let omheech. Tiisdei wurdt it rûzich.
Moandeitejûn sil it in skoft reine en yn ‘e nacht nei tiisdei ta falle der buien, mar der binne ek wat opklearringen. De weste- oant noardwestewyn boazet oan en wurdt matich oant frij krêftich, by de kust lâns hurd, miskien wol staormich mei kâns op flinke wynpûsten. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.
Tiisdei falle der ek noch buien, mar letter wurdt it drûch. Wy sille de sinne net in soad sjen. De wyn komt út it noarden oant noardwesten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. Letter jout de wyn him wat del en giet nei it noarden oant noardeasten. It wurdt 8 graden.
Woansdei it it drûch mar wol skier.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje