Waarpraatsje: Skiere tiisdei
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Novimer 2020 tilt op fan de kreaze hjerstdagen, mar tiisdei is it spitergenoch wer skier.
Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it earst helder, mar geandewei rekket de loft berûn. It kin ek dizenich wurde. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit tusken de 3 en 7 graden.
Tiisdei is it skier en dizenich en op guon plakken soe in bytsje rein falle kinne. Yn ‘e rin fan ‘e dei is in glimp fan de sinne net hielendal útsletten. De sude- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt in graad as 8.
Woansdei en tongersdei binne ek skier en it bliuwt noch oan de mylde kant.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje