Waarpraatsje: Skier mei kâns op damp

novimber 9, 2020 19:03

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in strieljend wykein wie it moandei oan de skiere kant. Dat bliuwt tiisdei ek sa.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei binne der opklearringen en kin der damp ûntstean. De wyn komt út it easten oant súdeasten en is swak, by de kust lâns matich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Tiisdei wurdt in skiere dei mei earst ek noch damp. Letter soe der ek noch in bytsje reinwetter falle kinne. Wy sille de sinne net in soad sjen. De súdeastewyn is swak oant matich. Yn ‘e middei giet de wyn nei it súdwesten. De temperatuer leit om de 12 graden hinne.

Nei tiisdei feroaret der net folle oan it rêstige hjerstwaar.

Jan Brinksma

novimber 9, 2020 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.