Waarpraatsje: Skier

novimber 10, 2020 19:03

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in skiere en kâlde dei. Woansdei feroaret der net folle.

Yn ’e nacht fan tiisdei op woansdei is der op in soad plakken damp. De wyn komt út it suden en is swak, by de kust lâns en boppe de Iselmar matich. It wurdt in graad as 5.

Woansdei is it, nei alle gedachten, noch lang dampich en wy sille de sinne (hast) net sjen. By in swakke oant matige sudewyn wurdt it net folle waarmer as 9 graden.

Nei woansdei bliuwt it rêstich hjerstwaar, mei sa út en troch in bytsje reinwetter.

Jan Brinksma

novimber 10, 2020 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.