Waarpraatsje: Noch gjin winter

novimber 20, 2020 18:54

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Winterwaar is noch hiel fier fuort en dat bliuwt foarearst ek sa. Yn it wykein is it skier en in bytsje ritich.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn en (sto)reint it sa út en troch. De wyn komt út it súdwesten en is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Sneon is de loft berûn en der kin wat storein falle. Wy sille de sinne net folle sjen. De súdwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. It wurdt in graad as 10.

Snein bliuwt it ek net hielendal drûch, mar der is sa út en troch miskien wol wat sinne. By in matige oant frij krêftige westewyn wurdt it 11 graden.

Takomme wike bliuwt it oan de mylde kant. It is faak skier, mar in soad delslach wurdt net ferwachte.

Jan Brinksma

novimber 20, 2020 18:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.