Waarpraatsje: Myld

novimber 13, 2020 19:00

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wis net minne freed krije wy in (tige) myld mar wol wat ritich wykein.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon binne der opklearringen en op guon plakken kin damp ûntstean. De wyn giet fan it súdwesten nei it suden en is swak, yn it Waadgebiet matich. It wurdt in graad as 5.

Sneon is it earst miskien noch dampich en letter is de loft berûn. In bytsje rein is net hielendal útsletten. De sude- oant súdeastewyn is swak oant matich. By de kust lâns en boppe de Iselmar boazet de wyn letter wat oan. De temperatuer leit om de 13 graden hinne.

Snein wurdt in hjerstige dei mei in soad bewolking en sa út en troch wat rein. Der stiet boppedat en frij krêftige oant krêftige sudewyn. Mei 15 graden is it wol tige myld foar de tiid fan it jier.

Moandei feroaret der net folle oan it waar. Wy sille de sinne net in soad sjen en it bliuwt ek net hielendal drûch. By in matige oant frij krêftige súdwestewyn is it mei 10 graden wol wer in stik frisser.

Jan Brinksma

novimber 13, 2020 19:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.