Waarpraatsje: Kâlde nacht
Resint ferskynd

foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in skiere sneon hiene wy letter op snein in soad sinne. It wie op beide dagen oan de frisse kant en wy krije ek in kâlde nacht.
Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder en op guon plakken kin damp ûntstean. Letter yn ‘e nacht rekket de loft berûn. De matige wyn giet fan it suden nei it súdwesten. De temperatuer leit tusken de 2 en -3 graden.
Moandei is de loft berûn en reint it sa út en troch. Yn ‘e rin fan ‘e middei en jûn kin it wat hurder reine. De súdwestewyn is swak oant matich. Yn ‘e middei giet de wyn by de kust lâns nei it westen en boazet wat oan. De temperatuer leit tusken de 5 en 9 graden.
De oare dagen fan dizze wike bliuwt it in bytsje ritich en it is oan de skiere kant.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje