Waarpraatsje: Hjerstige tongersdei

novimber 18, 2020 17:45 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in skier begjin wie it in strieljende en mylde novimberdei. Foar tongersdei sjocht it waar der hiel oars út.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is de loft berûn en sil it in skoft reine. De wyn komt út it súdwesten en is matich oant frij kreftich, by de kust lâns hurd, miskien wol efkes stoarmich mei kâns op flinke wynpûsten. It wurdt 8 graden.

Tongersdei falle der buien, miskien wol mei tonger, mar de sinne lit him sa út en troch ek efkes sjen. De westewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns hurd oant stoarmich. Der is boppedat kâns op wynpûsten. Yn ‘e middei giet de wyn nei it noardwesten. It wurdt net folle waarmer as 10 graden.

Nei tongersdei bliuwt it in bytsje ritich.

Jan Brinksma

 

novimber 18, 2020 17:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.