Waarpraatsje: Foarearst net drûch

novimber 12, 2020 19:23

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in ritige tongersdei mei rein en buikes, mar ek sinne, bliuwt it ritich.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed binne der opklearringen. De wyn giet fan it súdwesten nei it suden en is swak oant matich. De temperatuer leit om de 6 graden hinne.

Freed is der earst sinne, mar letter rekket de loft berûn en kin it wat reine. De sude- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 12 graden.

Yn it wykein is it skier. It bliuwt net drûch, mar it is wol (tige) myld foar de tiid fan it jier.

Jan Brinksma

novimber 12, 2020 19:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.