Vincent Bijlo’s radiokonferense op âldjiersjûn giet troch

novimber 24, 2020 08:50

Op 31 desimber spilet Vincent Bijlo live yn it Beauforthûs, it Carré fan Austerlitz, syn âldjierssjo Kuchschermtijd yn Kunststof (NTR) op NPO Radio 1. Der is gjin kabinet, gjin OMT en gjin Feilichheidsregio dy’t him dêrfan wjerhâlde kin.

Vincent Bijlo (foto: ©Erik Van ’t Woud)

Bijlo: “Ek al sakket de R oant fier ûnder de 1, ik spylje. Want as der ien jier is dat in âldjierskonferense fertsjinnet, is dat wol 2020.” Betingst is fansels dat de harkers har oan de koroanamaatregels hâlde. Dat betsjut dat Kuchschermtijd in oardelmeterútstjoering wêze sil dy’t mar mei in beheind tal gasten yn ’e húskeamer te beharkjen is. “Wy riede jo mei klam oan om by de sjo mûlekapkes te dragen, as jo mei bûtenhúshâldlike gasten harkje, yn ferbân mei de by lûd laitsjen frijkommende aerosolen.”

Oft der by de streekrjochte útstjoering publyk oanwêzich wêze kin, is no noch net te sizzen. Bijlo: “Wy hiene it plan om besikers fan de sjo fan tefoaren te faksinearjen, dêrfoar wiene as in stikmannich doasissen oanskaft, mar no docht bliken dat it yn myn friezer net kâld genôch is, dat dy binne bedoarn. Mocht ik no dochs hielendal allinnich yn it Beauforthûs wêze, 31 desimber, dan kin ik altyd noch… Nee, dat ferried ik net, ik sis allinnich: Radio is ferbylding.”

Nei it sukses fan foargeande jierren hâldt kabaretier en kolumnist Vincent Bijlo dit jier opnij in Radio Aldjierskonferense yn Kunststof Radio. Hy nimt it ôfrûne jier ûnder de loep oan ’e hân fan radiofragminten.

Tongersdei 31 desimber fan 19.30 oere ôf op NPO Radio 1.

novimber 24, 2020 08:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.