Utslach presidintsferkiezings FS noch net bekend

novimber 5, 2020 09:19

Yn fiif fan de fyftich Amerikaanske steaten lit de útslach fan de presidintsferkiezings noch op him wachtsje. Kandidaten Joe Biden en Donald Trump ûntrinne inoar yn de skommelsteaten soms mei mar tûzenen stimmen. Dêrmei leit de race om it Wite Hûs noch iepen.

Foto: pixabay.com

Biden liket nei de winst yn skommelsteaten Michigan en Wisconsin op basis fan de sifers de grutste kâns op it presidintskip te meitsjen. De Demokraat stiet yn ’e útslaggekaart fan parseburo AP op 264 fan de nedige 270 kiesmanlju.

In oerwinning yn ien fan de restearjende skommelsteaten soe dus foar him foldwaande wêze moatte. Yn Nevada stiet er op winst, wylst yn Georgia en Pennsylvania de foarsprong fan Trump ôfnimt. Mar de ferskillen binne minimaal.

Der binne noch 90.000 stimmen te tellen, bygelyks út de tichtbefolke foarstêden fan Atlanta, dêr’t in protte Demokratyske kiezers wûnen. It ferskil tusken Trump en Biden is op it stuit noch mar sa’n 32.000 stimmen.

Hoelang oft it noch duorret foar’t de útslach der is, is net wis. De kommende oeren wurde noch útslaggen út Pennsylvania, Georgia, Arizona, North Carolina, Nevada en Alaska teld. De útslach yn Alaska is nei alle gedachten yn Trump syn foardiel.

novimber 5, 2020 09:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.