Us Abe

novimber 3, 2020 10:52

Ynstjoerd

Abe Lenstra yn it Olympysk Stadion yn Amsterdam, in pear dagen nei de oefenynterlân tsjin België, 24 april 1951. Foto: Creative Commons CC0 1.0 Universal Public Domain Dedication

Yn de Ljouwerter Krante fan 13 oktober komt in ûndersyk oan ’e oarder fan Nino Wilkes nei syn pake, de fuotballer Faas Wilkes. In botte objektive yndruk makket dat ûndersyk net op my, mar wol in tige sjauvinistyske. Neffens Nino Wilkes wie syn pake de earste Nederlânske fuotbalstjer en in foarbyld foar lettere generaasjes topfuotballers as bygelyks Cruyff. Hy mei dat fansels fine, it is op ’t lêst syn pake, mar ik hie fan de krante ferwachte dat se Nino syn miening net sa kritykleas oernimme soene. Want wy hjir yn Fryslân witte wol wa’t echt de earste topfuotballer fan Nederlân wie: Abe Lenstra!

Wylst Faas Wilkes bêst in goede fuotballer wie, miste er de mytyske útstrieling fan Abe. Us Abe, dy’t krekt dit jier hûndert jier lyn berne is, is in fuotballeginde wurden oer wa’t tal fan ferhalen en sêgen ûntstien binne. Hy is neffens Wikipedy dan ek ien fan de ferneamdste Friezen en is sadwaande opnommen yn de Kanon fan de Fryske Skiednis. Faas Wilkes kin dêr net oan tippe.

Gjin wûnder dan ek dat op It Hearrenfean, it plak dêr’t Abe mei Fuotbalferiening It Hearrenfean syn grutste triomfen fierde, in stadion nei him neamd is. Yn 1951 waard Abe útroppen ta de earste Nederlânske Sportman fan it Jier. Faas Wilkes wie mear in handige sakeman dy’t syn fuotbalkarriêre brûkte om fortún te meitsjen by rike bûtenlânske klups as Inter Milaan.

Wa’t mear oer ús Fryske ikoan witte wol, ried ik oan om de útstalling “100 jaar Abe” yn Museum Heerenveen te besjen.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

novimber 3, 2020 10:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.