Untkommen sjimpansees deasketten yn bistetún Amersfoart

novimber 4, 2020 08:41

Yn Bistepark Amersfoart binne tiisdeitemoarn twa ûntkommen sjimpansees deasketten. De bisten ûntkamen om 10.30 oere hinne út harren ferbliuw. De twa mantsjes lieten ymponearjend hâlden en dragen sjen, dat foar in gefaarlike situaasje soargje kin.

Foto: pixabay.com

Om fierdere eskalaasje foar te kommen, is besletten om se dea te sjitten, seit de bistetún. De twa apen koene út harren ferbliuw ûntkomme troch in minsklike flater by it sluten fan de ferbliuwen. Der binne gjin technyske mankeminten konstatearre. Fuort nei de útbraak waarden de besikers yn feilichheid brocht.

It bistepark sprekt fan in swarte dei. “Wy betreurje de situaasje tige. De twa sjimpansees, Mike en Karibuna, makken al tige lang diel út fan de sjimpanseegroep yn ús park.” Foar meiwurkers en besikers biedt it bistepark slachtofferhelp.

By de útbraak waarden minsken fêstholden yn de ferbliuwen dêr’t se op dat stuit wiene. In besiker sei tsjin RTV Utert wol trije kertier opsletten sitten te hawwen yn it skyldpoddeferbliuw. In bistefersoarger fertelde har dat der sjimpansees ûntkommen wiene. Yn it skyldpoddeferbliuw stie se feilich, mar it “wie der wol tige waarm”.

De plysje hat neffens in wurdfierder foaral assistearre by de ûntromming fan it bistepark. “Plysjes hawwe yn elts gefal net sketten.”

novimber 4, 2020 08:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jehannes Elzinga novimber 5, 18:34

    Ik fyn it skandalich dat twa ûntsnapte sjimpansees út bistepark Amersfoart dea sketten waarden! It bistepark besiket it goed te praten troch te stellen dat se it dien hawwe omdat de sjimps agressyf tsjin minsken wurde koene, mar hoe wis wiene se dêrfan? Wêrom waarden de apen net ferdôve, lykas ek barde mei gorilla Bokito dy’t ûntsnapte út Diergaarde Blijdorp? Om de sjimps dan mar fuort dea te sjitten is in misdied en moat neffens my bestraft wurde. En as bisten yn de bistetún Amersfoart sa behannele wurde, liket it my better dit park te sluten. Se ha ommers gjin hert foar de eigen bisten. Bring de bisten leaver oer nei Blijdorp wêr’t dat wol it gefal is!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.