Universiteiten besykje om krityk op koroanabelied te ferbieden

novimber 26, 2020 12:29

Foto: Bermix Studio (Unsplash)

Oan universiteiten heart neffens de wet de akademyske frijheid te hearskjen. Dochs besykje ferskate Nederlânske universiteiten om meiwurkers it swijen op te lizzen as hja krityk hawwe op it koroanabelied fan de universiteit of de oerheid.

Dat berjochtet NRC Handelsblad hjoed. Bytiden heech oanskreaune medisy, juristen en sosjologen dy’t foar Nederlânske universiteiten wurkje, dogge te witten dat hja harren net frij uterje meie.

Gedrachswittenskipster Michaéla Schippers fan de Erasmusuniversiteit yn Rotterdam mei fan har wurkjouwer net mear mei de parse prate sûnder foarôfgeande tastimming fan de media-ôfdieling fan har fakulteit. Dy regel is ynsteld neidat hja berekkenings buorkundich makke hie dêr’t neffens har út bliken die dat de antykoroanamaatregels mear slachtoffers meitsje as de sykte sels.

In anonime meiwurkster fan in sikehûslaboratoarium wie kritysk oer ien fan ‘e koroanatests, dy’t neffens har net betrouber wie. Hja mocht der fan har wurkjouwer net mei de parse oer prate. Hja fertelt dat se dêrtroch foar in grut dilemma stiet: “Ben ik bereid om ervoor mijn baan te verliezen?” freget se har ôf. “Ik heb ook een huis en kinderen.”

Ferskate net by namme neamde medisy en oare meiwurkers fan sikehûzen komme yn de krante oan it wurd. Hja hawwe fan harren wurkjouwer in sprekferbod krige. In medysk spesjaliste dy’t in petysje tsjin mûlkapkes ûnderskreaun hie, om’t dy neffens har mear negative as positive effekten op ‘e sûnens hiene, waard troch har baas op it matsje roppen.

In dosinte rjochten lit yn har omgean om dien te nimmen, nei’t har wurkjouwer har ferbean hie om yn har kolleezjes oer de koroanamaatregels te praten. Hja hie it op kolleezje hân oer de neffens har juridysk net goed ûnderboude en dêrtroch ûnwettige mûlkapkeferplichting. Neffens har heart sa’n diskusje just by in rjochtestúdzje, mar hja seit dat har wurkjouwer fûn dat se “commotie veroorzaakte”. De dosinte stiet nammers net allinnich: ferneamde rjochtswittenskippers lykas Jan Brouwers fan de Ryksuniversiteit Grins hawwe ferlykbere útspraken dien.

Klik hjir om it stik op it webstee fan NRC Handelsblad te lêzen.

novimber 26, 2020 12:29
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Laanstra desimber 15, 21:11

    Diedkrêftige polityk is soms goed, mar jo moatte altyd iepen stean foar serieuze krityk.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.