Underwiiskundich boek yn it Frysk

novimber 6, 2020 08:49

Der komt in Frysktalich boek oer ûnderwiiskunde op ’e merk: De burn-outbestindige dosint. Richard Jones, ûnderwiiskundige en klassemanagentspesjalist by NHL Stenden Hegeskoalle, is de auteur en fûn dat der behalve in Nederlânsktalige edysje ek in Fryske edysje komme moast. Dy wurdt op tiisdei 10 novimber 2020 presintearre op it dosintekongres Fierder mei Frysk, dat dit jier online holden wurdt.

Boarne: Cedin

Troch goed klassemanagement komst as dosint in burn-out tefoaren. Dat is de fyzje fan Richard Jones. En dus befettet syn nije boek alderhande foarbylden om klassemanagementfeardichheden te ferbetterjen en sa as dosint geastlik sûn te bliuwen. It boek is koart, krêftich, maklik lêsber en humoristysk. It is skreaun foar elkenien dy’t ûndersykje wol wat it effekt fan goed klassemanagement wêze kin op de mentale en fysike enerzjy, fan begjinnend oant betûft dosint en fan skoallieder oant learare-oplieder.

Frysktalich
Dat der in Frysktalich boek oer ûnderwiiskunde op ‘e merk komt, is bysûnder, want dêrfan binne der net in soad, en hielendal gjin resinte. Babs Gezelle Meerburg fan de learare-oplieding Nederlânsk en Frysk fan NHL Stenden Hegeskoalle is tige wiis mei dit nije boek. ‘Wis dat we it de studinten lêze litte, bygelyks by de module Fakdidaktyk Frysk. It is wichtich foar de faktaalûntwikkeling dat studinten Frysktalige boeken lêze. Sa leare se ek it Fryske fakjargon en net allinne it Nederlânske of Ingelske.’ Skriuwer Richard Jones is ek bliid dat syn boek der no ek yn it Frysk is.

It boek is ta stân kommen mei meiwurking fan studinten Frysk fan de learare-oplieding fan NHL Stenden. Dy hawwe de Nederlânske ferzje fan Richard Jones oerset en bewurke ta goed Frysk. It wie foar studinten in learsume praktykopdracht, dy’t ynhâldlik goed oansleat by harren (takomstige) praktyk as dosint.

Fierder mei Frysk
De burn-outbestindige dosint wurdt op tiisdei 10 novimber 2020 presintearre op it dosintekongres Fierder mei Frysk. Dat kongres wurdt online holden en is bedoeld foar dosinten Frysk út it fuortset ûnderwiis en mbû. Alle dielnimmers krije in eksimplaar fan it boek. Fierder mei Frysk wurdt organisearre troch de seksje Frysk fan de VLLT (Vereniging voor Leraren in Levende Talen), NHL Stenden Hegeskoalle en Cedin.

novimber 6, 2020 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.