Undersyk nei twataligens Fryske bern wint Klokhuis Wittenskipspriis

novimber 16, 2020 08:51

Ald-promovendus fan de Fryske Akademy Evelyn Bosma en har kollega Naomi Nota hawwe de Klokhuis Wittenskipspriis wûn. Sy hawwe ûndersyk dien nei hoe’t twatalige bern yn Fryslân lêze. Der wiene mear as 60 ynstjoeringen, dêr binne úteinlik tsien ûndersiken út nominearre. De winner waard snein fia in livestream bekendmakke.

Ofbylding: NTR

De Klokhuis Wittenskipspriis is foar wittenskiplik ûndersyk dat relevant en nijsgjirrich is foar bern op de basisskoalle tusken de njoggen en tolve jier. Yn totaal hawwe 4.086 bern harren stim útbrocht. It doel fan de priis is om in jong publyk yn ‘e kunde komme te litten mei wittenskiplik ûndersyk. Foar de winner wurdt der spesjaal in ôflevering fan Het Klokhuis makke oer it ûnderwerp.

Fryske en Nederlânske wurden
Dr. Evelyn Bosma hat mei Naomi Nota foar Universiteit Leiden ûndersyk dien nei twataligens. Mei in spesjale eye-tracker is ûndersocht hoe’t bern tusken de njoggen en tolve jier lêze. It die bliken dat yn it Frysk wurden dy’t itselde binne as yn it Nederlânsk (bygelyks ‘poes’) flugger lêzen as wurden dy’t folslein oars binne (bygelyks ‘oma’ en ‘beppe’). Yn it Nederlânsk wie dat net sa. Fryske bern brûke dus harren kennis fan de Nederlânske taal as sy Frysk lêze.

Boarne: Omrop Fryslân

novimber 16, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma novimber 16, 14:20

    [Yn it Nederlânsk wie dat net sa. Fryske bern brûke dus harren kennis fan de Nederlânske taal as sy Frysk lêze.]

    Wy begûnen de earste skoaljierren folslein yn it Frysk en giene yn no groep fiif oer nei it Nederlânsk. Dat it sil by ús grif oarsom west hawwe…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.