Twa famkes libben ûnder pún Izmir weihelle

novimber 2, 2020 10:43

Trije dagen nei de ierdbeving yn de Turkske stêd Izmir binne twa famkes libben ûnder it pún weihelle. Hja leine ûnder de brokstikken fan ynstoarte appartemintekompleksen.

Foto: morguefile.com

Rêdingswurkers applaudisearren doe’t it fjirtjinjierrige famke Idil libben fûn waard. Hja hie sa’n 58 oeren ûnder it pún lein. Har achtjierre suske oerlibbe de ierdskodding net. Sân oeren letter fûnen helpferlieners de trijejierrige Elif tusken de rêsten fan in ynstoart gebou. Har mem en suster waarden twa dagen earder al rêden.

It deadetal fan de beving fan ôfrûne freed stiet ûnderwilens op 81. Der wurdt nei deaden en minsken dy’t it oerlibbe ha socht tusken it pún fan acht ynstoarte gebouwen. De sykaksje hat efkes stillein, út eangst dat gebouwen derneist ek ynstoarte soene.

Neffens de lêste sifers fan de autoriteiten binne der hast tûzen stedsbewenners ferwûne rekke troch it ynstoarten fan gebouwen yn Izmir. Sa’n 219 fan harren wurde noch ferplege. De ierdskodding hie in krêft fan 6,7. It epysintrum lei yn see tusken Turkije en Grikelân. Op it Grykske eilân Samos foelen ek slachtoffers. Dêr kamen twa tsieners om it libben en rekken njoggentjin minsken ferwûne.

novimber 2, 2020 10:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.