Tsientûzen snieklokjes foar it Fryske bioferskaat

novimber 8, 2020 08:51 Fernijd

It giet net goed mei it bioferskaat. Dêrom kriget de bioferskaatkampanje ‘Wat sille we no belibje’ in ferfolch. Yn novimber en desimber wurdt it ôfnimmende bioferskaat mei ferskate ludike aksjes ûnder de oandacht brocht. De kampanje is ôfrûne wike fan start gien mei in aksje dêr’t goed tsientûzen liderkebollen yn de hiele provinsje by útset binne.

Friezen út alle wynstreken binne begûn mei it útsetten fan liderkes. Yn totaal binne der sa’n tsientûzen bollen útdield dy’t troch hiel Fryslân hinne yn ’e grûn set wurde.

Foto: pixabay.com

It belang fan bioferskaat
Sûnder bioferskaat falt der neat te belibjen. Dat is it boadskip fan de kampanje.

Tegearre mei Malta bongelet Nederlân yn de Europeeske Uny ûnderoan op de bioferskaatljedder. Yn Nederlân is de kwaliteit en kwantiteit fan de natuer mei sa’n 85 persint neffens de oarspronklike situaasje ôfnommen. Op de Europeeske is dat sa’n sechtich persint.

It ôfnimmen fan bioferskaat hat gefolgen foar it deistich libben. Dat dy keppeling tusken deistige saken en bioferskaat op it earste gesicht net dúdlik is, is net sa gek. Yn ’e kampanje wurdt dy op ludike wize dúdlik makke. Sa is it snieklokje meiferantwurdlik foar bygelyks in soele simmernacht.

Alliums en krystmiel
By de aksje wurde ferskate aspekten fan it bioferskaat beljochte. Neist de liderkes komme de alliums (siersipels), húsfêsting en it krystmiel ûnder it omtinken. Om ’e twa wike feroaret it ûnderwerp. By de kampanje kinne de ynwenners op ferskate wizen meidwaan. Snieklokjes, alliums of bistehotels bygelyks binne foar in redusearre priis oan te skaffen by dielnimmende túnsintra oeral yn Fryslân. Op dy wize kin elkenien de eigen tún foar in skaplik pryske bioferskillend en noflik foar bisten te meitsjen.

Alle ynformaasje oer de kampanje is te finen op: www.watzullenwenoubeleven.nl.

Wat sille we no belibje?
In soad organisaasjes – ûnder oare terreinbehearende, agryske, maatskiplike, kulturele, natuer- en lânskipsorganisaasjes, ûnderwiisynstellingen, de provinsje Fryslân en in grut tal Fryske gemeenten – sykje de gearwurking op om it belang fan bioferskaat te beklamjen mei de kampanje ‘Wat sille we no belibje?’. Ferline jier is úteinset mei de earste edysje fan de kampanje. Dit jier is it ferfolch.

novimber 8, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.