Trumpisme

novimber 12, 2020 09:39

Skôging

Safier is it al. Dat wy it geliich, it geraas, it kletspraat, it egosintryske en de arrogânsje fan dizze heal kriminele Amerikaanske presidint de namme jouwe fan in politike streaming lykas kommunisme of faksisme. Dat is net sûnder reden. Hast de helte fan de Amerikaanske befolking hat oan dizze man syn of har stim jûn. Yn de Buitenhofútstjoering fan snein 8 novimber hie Twan Huys in pear foar- en tsjinstanners fan de presidint útnûge. Spitigernôch waarden de Republikeinen fertsjintwurdige troch in frommes dat derfan oertsjûge wie dat Trump de ferkiezingen wûn hie en wer presidint wurde soe, want de demokratyske partij hie op grutte skaal fraudearre. “De rjochtspraak soe grif mei de bewizen komme.” Se brocht ien en oar mei itselde patos as de grutte lieder sels. ‘The Donald’, dy’t as folwoeksen man sei datst froulju wol by de kut pakke kinst. Miskien moast se deroan tinke. Wie der net in oare frou te finen dy’t better útlizze koe wat Trump foar safolle Amerikanen betsjut, frege ik my ôf.

Doe’t ik Trump foar it earst seach, moast ik oan Mussolini tinke. Deselde macho-útstrieling. Dêrmei hâldt de ferliking op, want Trump is gjin fassist. Sa ferset er him yn tsjinstelling ta ‘It Duce’ bygelyks tsjin bûtenlânske aventoeren. Utsein harren mienskiplike minachting foar de demokrasy binne der grutte ideologyske ferskillen. Mussolini kaam oan ‘e macht yn de tweintiger jierren. Hy waard yn 1922 minister-presidint fan Italië. Dat bleau er oant er yn 1943 ôfset waard. Op 28 april 1945 waard er op de flecht nei Switserlân deasketten troch partisanen.

De Spaanske filosoof, skriuwer en sjoernalist José Ortega y Gasset (1883-1955) skreau yn de ein tweintiger jierren in tal krityske deiblêdartikels oer wat hy seach as in bedriging fan de demokrasy, nammentlik dat minsken har meislepe litte troch sterke lieders. Yn 1930 kamen de artikels út as boek La rebellión de las masas. Yn 1933 yn Nederlân as De opstand der horden. Yn 2015 kaam der in nije oersetting De Opstand van de massamens. Foardat ik it boek lêzen hie, tocht ik dat it oer ‘massa-minsken’ giet dy’t yn opstân komme. Mar it betsjut it tsjinoerstelde: der ûntstean ‘massaminsken’ dy’t alles leauwe wat in oar seit, sûnder kritysk te wêzen. It is dêrom yn ús tiid fan ‘fake news’ in aktueel boek. Doe’t ik dy oanhingers fan Trump razen hearde, tocht ik dat ‘De opstand der horden’ dochs in bettere titel is.

Pier Bergsma

De foto komt fan wikipedia. It is de offisjele steatsfoto fan Trump

 

 

novimber 12, 2020 09:39
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin2.0 novimber 16, 10:12

    De media wol ek gjin yntelliginte Trump oanhingers. Dêr hat Pier gelyk oan. Soks hyt ‘typecasting bias’ en de media makket dêr graach gebrûk fan. Troch it útsykjen fan bepaalde persoan by in bepaald tema wurdt in kausaal ferbân ymplisearre. Foar de dúdlikheid…. dat kausale ferbân bestiet suver noait.

  2. Abe novimber 17, 16:02

    ‘De media wol’ is net inkeld grammatikaal in flater, mar ek fake news. Yn ‘e werklikheid bestiet der mear as ien medium. Media is mearfâld. Erwin 1.0 wol ús leauwe litte yn in Trumpisme. ‘De media’ is ien blok en se binne tsjin Erwin 1.0. Wêrom wol Erwin 1.0 dat tinkbyld ferspriede? Dat moat er mar ris útlizze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.