Top 2000-pubkwis mei Leo Blokhuis brekt rekôr

novimber 11, 2020 08:52 Fernijd

Ofrûne freed spilen mear as 30.000 minsken de live pubkwis yn it Top 2000 online kafee. Dat binne der trije kear safolle as yn maaie en juny fan it jier. Om alfêst yn ’e stimming te kommen foar de NPO Radio 2 Top 2000, organisearret de NTR yn oanrin nei de start fan de Top 2000 Stimwike noch twa live pubkwissen yn it online kafee, op freed 20 en 27 novimber.

Ofbylding: NTR

Fan 20.30 oere ôf stelt kwismaster Leo Blokhuis fia in livestream út syn wenkeamer wei fragen à la Top 2000 a gogo. Dielnimmers kinne meispylje fia top2000onlinecafe.nl. Yndividueel, of mei in tiim. Elkenien kriget de kâns om mei syn of har kwismaten yn it Top 2000-kafee te spyljen. Ekstra spesjaal dit jier, om’t yn desimber gjin gasten yn it fysike Top 2000-kafee ûntfongen wurde meie.

Hoe spilest mei?
Meispylje is simpel. Gean freed 20 en/of 27 novimber om 20.30 oere nei top2000onlinecafe.nl. Spilest allinnich, dan wiist it himsels. Spilest mei in tiim? Bepaal dan fan tefoaren wa’t de tiimlieder is. Dyjinge klikt op de ‘Samen beleven’-knop rjochts yn byld, fiert in namme yn en dielt de unike URL oer de mail mei de leden fan syn tiim. Troch op dy link te klikken, komme alle tiimleden yn in mienskiplike tsjetboks yn it online kafee terjochte, dêr’t se de striid oangean kinne mei tûzenen spilers yn hiel Nederlân. Let op: dizze funksje wurket inkeld op desktop of laptop.

Test dyn muzykkennis: Meld dy alfêst oan foar de kwis fan 20 novimber fia it Facebook-evenemint.

Top 2000 a gogo-podcast
Foar alle Top 2000-fans en muzykleafhawwers komt de NTR yn gearwurking mei NPO Radio 2 oant en mei 31 desimber mei tolve nije ôfleveringen fan de Top 2000 a gogo-podcast, dêr’t de bêste ferhalen efter de nûmers út de list sintraal yn stean. De earste ôflevering stiet no online, oer de trochbraak fan Simon & Garfunkel. Harkje de podcast fia dizze link of fia dyn favorite podcastplatfoarm.

 

novimber 11, 2020 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.