Test: Wat witte jo fan jo deistich reau?
Resint ferskynd
Reau yn ‘e titel is foar guons faaks al in nuver wurd. Transportmiddel kin men ek sizze. Foar de measten fan ús sil it deistich reau in auto of in fyts wêze. Mar kinne jo dêr ek yn it Frysk oer prate?
Hjir kinne jo it teste. Krúskje de saken oan dy’t jo by in auto of fyts oanwize kinne. Tink derom dat auto- en fytswurden rynkrank trochinoarhinne steane. Witte jo tsien wurden of mear, dan binne jo knap op ‘e hichte. Binne it fiif of minder, dan moatte jo al soargje dat jo byleare. Tiid foar in Frysktalich learboek foar fytsmakkers en automonteurs yn hope?
25 sil ek noch wol slagje, mar binne dit allegear geef Fryske wurden foar ûnderdielen fan in auto as in fyts?
Tuolle kin ik bygelyks wol, der sieten we ommers yn de tijd fan Kobus Algra syn bûthúsbankje op om de kij te melken.
Mar by in fiets as auto docht it my frjemd oan.
In tuolle is ek it dinkje dat op ‘e ein fan in as set wurdt om it tsjil dêroan fêstmeitsje te kinnen. Sjoch:
http://gtb.inl.nl/iWDB/search?actie=article&wdb=WFT&id=107876&lemma=tuolle&domein=0&conc=true
H. Tige tank, wie my net bekend.
In boer en in fytsmakker kinne dus beide in tuolle brûke, mar wol elts op syn manier.
[Tink derom dat auto- en fytswurden rynkrank trochinoarhinne steane.]
Hoe is rynkrank hjir bedoeld? skriks en skanks, nim ik oan.
Rynkrank kin in haadwurd en in eigenskipswurd wêze ( in âld rikrak = in âld gammel ding of bist en in rynkrank taffeltsje bygelyks); de betsjutting ‘hinter troch twinter’ is my net bekend.
Oars in hiel aardige test! De opjefte koe noch wol wat dreger.
@Ed Knotter: ‘rynkrank’ komt ek as bywurd mei de betsjutting ‘hinter troch twinter’ foar. Sjoch it WFT by ‘rynkrank’, betsjutting 3.