Test: Wat witte jo fan it Fryske lichem?

novimber 16, 2020 09:02

In Frysk lichem is oars as in Hollânsken ien, dat wit in bern. Fryske billen rinne faken wol oan ‘e knibbel ta troch, Hollânske bliuwe yn ‘e poepert hingjen. In Hollanner mei in sear kruis moat nei de urolooch, wylst in Fries mei in sear krús in briefke foar de bonkedokter kriget. En fansels binne in lijf en in voet wat oars as in liif en in foet.

Mar hoe liket it fierder eins mei jo kennis fan it lichem? Begripe jo wat de âld dokter, de biologylearaar en de slachter bedoele as se oer de bysûnderheden fan harren breawinning fertelle?

Hjir kinne jo it teste. Krúskje de lichemsdielen oan dy’t jo by josels, jo oarehelte of jo bisten oanwize kinne. Witte jo tsien of mear, dan binne jo knap op ‘e hichte. Binne it minder? Dan moatte jo it wurdboek ris efkes trochsneupe.

novimber 16, 2020 09:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.