Test: topografy yn it Frysk

novimber 25, 2020 15:09 Fernijd

Resint ferskynd

Mei it opkommen fan rûteplenners en tomtoms is it der mei de topografyske kennis fan in soad minsken net better op wurden. Foar Friezen is it namste dreger om yn de eigen taal oer ierdrykskunde te praten: de measte plaknammen hawwe hja ommers yn it Nederlânsk leard. Bytiden heart men sels yn it Frysk al oer Sneek of Wolvega praten en dat binne noch plakken dy’t yn Fryslân lizze. Hoefolle minder bekend binne de Fryske nammen fan plakken dy’t net yn ‘e eigen provinsje lizze?

Hjirûnder kinne jo neigean oft jo wat op ‘e hichte binne mei de Fryske nammen fan lannen, streken en plakken. Net ien leit yn de provinsje Fryslân, mar der binne al in pear dy’t yn de Frysktalige gebieten yn Grinslân en Dútslân lizze. Der binne plakken om utens by dêr’t in grutte Fryske mienskip wennet, mar ek plakken dêr’t mar komselden in Fries delkomt. Koartsein: jo moatte sawat oer de hiele wrâld sykje.

Kinne jo op syn minst fiif nammen op ‘e kaart oanwize, dan is dat in moai begjin. Mei tsien is it sels al behoarlik knap.

novimber 25, 2020 15:09 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. S.H. Brinkman novimber 26, 13:05

    Roden(DR) Rôan Kornhorn(GR) de Koarnhinne

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.