Test: Prate jo it Frysk fan de jeugd of dat fan ’e âlderein?

novimber 14, 2020 07:53

Resint ferskynd

Yn alle talen prate jonge minsken oars as harren pakes en beppes. Dat is mei it Frysk net oars. Dat wol net sizze dat elkenien neffens syn jierren praat. Jo hawwe jonge minsken dy’t prate as in âldpake, en der binne âldpakes dy’t o sa hip binne en de wurden fan ’e bernsbern oernimme.

Hoe is dat mei jo? Prate jo it Frysk fan de jeugd of dat fan ’e jeld? Hjirûnder kinne jo it teste. Krúskje alle wurden oan dy’t jo wolris brûke. Hawwe jo likernôch likefolle oranje (= jeugdige) wurden as griene (= âldmannige/âldwivige)? Dan sitte jo der moai tuskenyn: jo hawwe in iepen ear foar de jeugd, mar harkje ek nei de âldere generaasje. Is it ferskil grutter as trije wurden? Dan sitte jo dúdlik oan de jongeftige of oan de âldeftige kant!

novimber 14, 2020 07:53
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Rinze novimber 15, 10:25

    Ik hear wol echt by de alderein, at k dit sa sjoch, bruk neat fan dy oranje wurden en seker de helte fan dy griene. Dochs bin k noch net sa ald.

  2. Erwin2.0 novimber 15, 10:53

    Jo minsken, ‘dy meid’ hear ik noait by de jeugd en ‘dy faam’ ek net. In famke is famke, soms in ‘geil frommeske’ of in frou. Wa’t dizze tabel makke hat woe hiel graach in modern wjergader foar ‘faam’, mar sawol ‘meid’ as ‘faam’ komme my beide oergryslik âldfrinzich foar.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.