Talintpriis 2020 foar muzikant Michelle Samba

novimber 15, 2020 08:51 Fernijd

Muzikaal multytalint Michelle Samba (28) kriget dit jier de Talintpriis fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân. Arno Brok, kommissaris fan de Kening en ek foarsitter fan it Kultuerfûns Fryslân, rikt de nij ynstelde priis tagelyk mei de Fryske Anjer 2020 út. Dat bart op 9 desimber yn it provinsjehûs yn Ljouwert.

Michelle Samba wurdt sjoen as it boechbyld fan de Fryske talinten. Michelle is in protte frege drummer en dêrneist in tige besiele en mearsidich muzikant. Hja wurdt omskreaun as in multytalint., Hja wit har publyk hieltyd wer te ferrassen mei fernijende produksjes, en dêrby docht se sa’n bytsje alles sels.

De sjuery is derfan oertsjûge dat Michelle trochbrekke sil mei har unike en ûnderskiedende styl yn muzyk, útfiering en presintaasje. Dat se op ferskate mêden flink oan ’e dyk timmeret, blykt ek út it feit dat se optreedt mei artysten as Claudia de Breij, Pink Oculus en De Toppers.

Talintpriis
De Talintpriis wurdt yn 2020 foar it earst en tagelyk mei de Fryske Anjer útrikt, de ûnderskieding dy’t sûnt 1991 bestiet. De Talintpriis is dit jier yn oerlis mei Fryslân Pop takend en ornearre foar in bejeftige persoan of in talintearre groep dy’t in bysûndere, artistike prestaasje levere hat yn ’e popmuzyk én de potinsje hat om in suksesfolle karriêre op te bouwen troch him noch fierder te ûntwikkeljen. Michelle Samba ûntfangt neist in oarkonde € 1.500 fan it Prins Bernhard Kultuerfûns en € 500 fan Fryslân Pop.

Sjuery
De sjuery foar Talintpriis 2020 bestie út Paul Giesen (saaklik lieder Popfabryk), Sjouke Nauta (direkteur Fryslân Pop), Titus van ’t Veer (projektmanager Fryslân Pop) en Jan Blanksma, bestjoerslid fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân.

Oer it Prins Bernhard Kultuerfûns
It Prins Bernhard Kultuerfûns is besiele pleitbesoarger fan kultuer, natuer en wittenskip yn Nederlân en dêrbûten. Mei finansjele bydragen, opdrachten, prizen en beurzen stimulearret it fûns bysûndere inisjativen en talint. As ynspirator fan hjoeddeisk mesenaat jout it fûns partikulieren, stiftingen en bedriuwen ûnôfhinklik en deskundich advys oer filantropy. It Prins Bernhard Kultuerfûns hat tolve provinsjale ôfdielingen, ûnder oare it Kultuerfûns Fryslân.

novimber 15, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.