Taalkundige Kerkhof: by Rotterdam waard eartiids Frysk praat

novimber 25, 2020 20:30

Peter-Alexander Kerkhof (foto: Twitter)

Doe’t taalkundige Peter-Alexander Kerkhof in moannemannich ferlyn syn bekende fideo yn midsiuwsk Nederlânsk online sette, kaam dêr op it Frysktalige ynternet fuort in protte krityk op. De tekst yn ‘e fideo waard nammentlik útsprutsen troch in sabeare ynwenner fan it alfde-iuwske Rotterdam. Dy hie doe ommers Frysk praat, seine guons, en gjin Nederlânsk, dat de fideo soe net doge.

No is it sa simpel net as dat de kritisy hawwe woene. Yn ‘e midsiuwen wiene Fryske en Frankyske stammen konstant yn ferweech yn Súd-Hollân, dat doe noch foar in grut part út lytse eilantsjes bestie. Dochs hat Kerkhof goed nijs foar de Friezen: der is in oanwizing dat der uterlik yn de tolfde iuw yn it doarp Maasland, deun by Rotterdam, noch Frysk praat waard.

Dy oanwizing is te finen yn de strjitnamme Langetaam yn it doarp. Op âlde kaarten is te sjen dat dy al hiel lang bestiet en yn ‘e midsiuwen sloech op in stik grûn dêr’t in stikmannich buorkerijen oan leine. Yn it Aldnederlânsk komt toom foar mei de betsjutting ‘stik grûn oan it wetter dêr’t op fiske wurdt’. De Aldfryske foarm soe taam wêze moatte en dat is neffens Kerkhof de foarm dy’t foarkomt yn Langetaam. De Langetaam lei yn it ferline oan it wetter, dat soks hat eigenskip.

Taam is yn modern Frysk team wurden. Neffens Kerkhof is it yn it Frysk net oerlevere yn betsjutting dy’t mei de fiskerij út te stean hawwe, mar dêr is er mis: Joast Halbertsma neamt yn syn wurdboek Lexicon Frisicum it wurd team nammentlik foar it opheljen fan de angel om in fisk út it wetter te lûken. Yn de njoggentjinde iuw bestie it dus noch. Neffens Kerkhof moat dy betsjutting de âldste wêze en moat er letter oergien wêze fan de hanneling op it stik grûn dêr’t fiske waard.

Der binne mear ierdrykskundige nammen yn Hollân dy’t wize op in Frysktalich ferline. Kerkhof neamt ûnder oaren Forskate as Aldfryske namme fan Voorschoten, Northga (modern: Noardgea) foar Noordwijk en Kaghe dat as Kaag noch altyd in Aldfryske namme hat.

Klik hjir om it stik fan Kerkhof te lêzen.

novimber 25, 2020 20:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.