Sybren Singelsma: Wy hawwe yn Nederlân allegearre mei-inoar ôfpraat dat…

novimber 2, 2020 07:00

Skôging 

It is in wetmjittichheid dy’t alle EU-kollega’s dêr’t ik mei praat, by in besite oan in Nederlânsk ministearje of oerheidsynstânsje meimeitsje. Sûnder mis seit in Nederlânske amtner op in beskaat stuit: Wy hawwe yn Nederlân allegearre mei-inoar ôfpraat daten dan komt der wat dat de Nederlanners ek echt mei-inoar ôfpraat hawwe, mar dat faak net neffens de Europeeske regeljouwing is. In Europeeske regeljouwing dy’t ek berêst op ôfspraken troch en mei Nederlanners.

It is in opmerklik trekje fan de Nederlânske wetjouwer dat dy him net needsaaklikerwize bûn achtet oan de eigen wetten, him ferskûljend efter it primaat fan de polityk. Dat is apart foar in lân dat him wrâldwiid ynset foar de ynternasjonale rjochtsoarder en minskerjochten. Elkenien moat him oan de regels hâlde behalven de Nederlânske oerheid.

It is in kultuer dy’t fuortkomt út de ferpyldering, mar dêr’t no gjin inkelde rjochtfeardiging mear foar is. De ferpyldering wie basearre op de troch Abraham Kuiper definiearre Soevereiniteit yn eigen rûnte. Alle maatskiplike groepen mochten beskikke oer harren eigen sjaria. It parlemint hie as funksje om derfoar te soargjen dat binnen it gehiel fan Het Vaderland alle groepen harren diel krigen, mar de grûnwet, de ynstitúsjes en benammen it parlemint moasten yn de wetjouwing de soevereiniteit yn eigen rûnte respektearje. Manlju en froulju hawwe gelikense rjochten, mar dat jildt net foar de Steatkundich Grifformearden.

In grûnwetlik of konstitúsjoneel hôf as hoeder fan de rjochten fan de boarger paste net yn dat plaatsje, it oanspraak meitsjen op yndividuele rjochten koe ommers te’n koste gean fan de posysje fan de groep. De steatskommisje Remkes hat fiergeande foarstellen dien om dy weefflaters yn ús politike bestel te korrizearjen, mar ja, gjin ien snijt graach yn eigen fleis, sels in D66-minister net. Dat wy bliuwe sitten mei in oerheid dy’t net needsaaklikerwize de eigen wetten respektearret en ús dan leauwe litte wol dat we dat allegearre mei-inoar sa ôfpraat hawwe!

Hieltyd mear boargers hawwe foar it gefoel hielendal neat mei-inoar ôfpraat. In goed foarbyld is it ferset tsjin wynmûneparken yn de Feankoloanjes. In miljeu-effektrapportaazje (MER) foar wynmûneparken achtet de Nederlânske oerheid net nedich, al soe goed te beärgumentearjen wêze dat dy ûnder de Europeeske MER-rjochtline falle. Sa net neffens de Nederlânske oerheid, dy’t troch de rykskoördinaasjeregeling de lokale oerheden ek al as dwerslizzers útskeakele hie. Want ja, wy hawwe dy klimaatdoelen sa grien en moai ôfpraat en dan is it fansels ferfelend as boargers samar oanspraak op harren rjochten meitsje troch de wet tapasse te wollen! Dan ferfange we dy wet dochs gewoan troch eat dat we yn Nederlân allegearre mei-inoar ôfprate? Mar de wet wurdt net feroare, want dy is basearre op eat dat we yn Europa allegearre mei-inoar ôfpraat hawwe.

No wurdt it lestich, want yn de praktyk hat Nederlân gauris twa ferskillende dingen ôfpraat. Fan de Nederlânske rjochterlike macht hoecht dy oerheid wier net bang te wêzen. Trochkrûpt as dy is yn de skizofrene Nederlânske wetskultuer, is dy de oerheid meastal te wille tsjinst. De rjochter waacht ommers maatskipljke ûntwikkelingen ek mei, en dêr past wat wy allegearre mei-inoar yn Nederlân ôfpraat hawwe prima yn.

Op Europeesk nivo wurket it lykwols oars. Want al hat de Nederlânske boarger gjin Konstitúsjoneel Hôf om syn rjochten op te easkjen, hy kin wol nei it Europeeske Hôf fan Justysje stappe. It sneue foar Nederlân is dat it Europeeske Hôf útgiet fan de wet en fan oars neat. It hâldt hielendal gjin rekken mei dy goede bedoelingen fan de Nederlânske oerheid, ús wize fan dingen dwaan en dat wy eigentlik foaroprinne yn ’e hiele wrâld mar dat de rest fan de wrâld dat noch efkes net sa goed sjocht.

En sa hellet de Nederlânske boarger hieltyd faker syn gelyk yn Europa en ûntwikkelje sawol it Hôf yn Lúksemboarch as it Hôf foar de Rjochten fan de Minske yn Strasbourg har ta firtuele Konstitúsjonele Hôven foar Nederlânske boargers. Soks ta argewaasje fan Nederlânske politisy, dy’t dan beweare dat de rjochter op ’e stoel fan de polityk sitten giet, of dat Europa de nasjonale steat stikkenmakket. Nee, de rjochter leit allinne de skizofreny fan de polityk bleat.

It soe better wêze en praat mar ris mei-inoar ôf dat de wet de wet is, dat boarger en oerheid har allebeide oan dy wet hâlde moatte, dat de iepenbiere oanklager de boarger foar de rjochter slepe kin as it moat, mar de boarger dat ek dwaan kin mei de oerheid by in eigen Nederlânsk Konstitúsjoneel Hôf.

Drs. Sybren Singelsma is histoarikus. Hy hat wurke by it Komitee fan de Regio’s fan de Europeeske Uny.

 

 

 

 

novimber 2, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Ferdinand de Jong novimber 3, 19:25

    Einlings immen dy’t in glêskleare analyze makket fan de môgele Hollanske (ûn)rjochtskultuer: “There is something rotten in the State of the Netherlands”
    As jimme eat foar de Fryske taal berikke wolle, Bewegers, witte jimme no wêr’t it paad hinne fiert: net nei in gemeente, Ljouwert of De Haach, mar nei Lúksemboarch en Straatsboarch.

  2. Jan A. Schulp novimber 4, 11:33

    De namme fan de ferneamde politikus en folksmenner út de njoggentsiende ieuw wie net Kuiper mar Kuyper.

  3. Ed Knotter novimber 4, 12:04

    Wat wy ‘mei-inoar ôfpraat hawwe’ wurdt ek wol ‘draachflak’ neamd. It Ryk hâldt him al tweintich jier net oan it Europeesk Hânfêst foar minderheidstalen, mar ta hokker rjochter moatte wy ús rjochtsje?
    It stik fan Singelsma makket dy brike situaasje moai dúdlik.

  4. Jehannes Elzinga novimber 5, 17:57

    Wat in goed stik fan Singelsma! Dit makket in soad dúdlik fan wat der mis is yn Nederlân. Tenei kinne wy om ús rjocht te krijen better fuort nei it Europeeske Hôf fan Justysje. No is it wol sa, tocht ik, dat tsjintwurdich ek de Nederlânske rjochter him/har ûnôfhinkliker begjint op te stellen fan de polityk. Tink mar oan de klimaatsaak fan Urgenda tsjin de Nederlânske steat wêrby ‘t de Hege Ried Urgenda yn it gelyk stelde en doe moast it regear wol om lyk!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.