Sûnenssoarch yn Nederlân

novimber 19, 2020 19:18

Skôging

Alle jieren wurdt der ûndersyk dien nei de bêste sikehuzen fan ús lân. Foarhinne kaam der dan in ranglist mei de skoares fan trije soarten sikehuzen: de akademyske, de grutte en de lytsere. No stiet yn Elsevier Weekblad fan 14 novimber ‘Beste Ziekenhuizen 2020’ de jierlikse publikaasje fan bêste sikehuzen yn 2019, mei as konklúzje: trettjin fan de trijensantich biede de soarch op de feilichste en effektyfste wize oan en binne it pasjintfreonlikst. De sikehuzen fan Drachten, It Hearrenfean en Snits hiene de ôfrûne jieren wolris earder wûn. Dit jier stiet it Snitser Antoanius by de bêste trettjin.

foto © Matthijs Verkuijl

By sa’n ûndersyk wurdt net allinnich sjoen nei de 392 yndikatoaren fan kwaliteit, mar ek nei de ferbetteringen yn fergeliking mei it foargeande jier. Tagelyk nei de folumenoarmen, mar ek nei de finansjele situaasje. De yndikatoaren binne faststêld troch de oerheid yn oerlis mei beropsferieningen. Se geane bygelyks oer de soarch by Diabetes Mellitus, it brûken fan antibioatika by yngrepen ensfh.

De folumenoarm hat te krijen mei it oantal yngrepen yn in jier tiid dat nedich is foar in ferantwurde fan de pasjint. Benammen giet it dan oer it oantal komplikaasjes en stjergefallen dy’t neffens it behannelingsteam yn relaasje steane ta de behanneling fan de pasjint.

Kearnfragen by sa’n ûndersyk binne oft in sikehûs it goed docht. Kriget de pasjint foldwaande ynformaasje en begelieding? Hâlde de dokters har goed oan de rjochtlinen en binne der gaadlike feilichheidsprotokollen en wurde se ek opfolge?

It probleem bliuwt fansels it ûntbrekken fan ynsjoch by de yndividuele spesjalist en de útkomsten fan de behannelingen.

It is om grutsk op te wêzen dat wer ien fan de sikehuzen yn Fryslân heech skoard hat!

Matthijs Verkuijl

 

novimber 19, 2020 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.