Strykkwartet Regina Forte no snein yn Nikolaastsjerke Koarnjum

novimber 18, 2020 08:52 Fernijd

~ Betsjoenend konsert mei in klassyk Russysk programma ~

© 2020 Bob de Boer Produkties

It strykkwartet Regina Forte ûntstie yn ’e hjerst fan 2014 út in mienskiplike winsk wei om strykkwartetten te spyljen. De strikers kenne inoar út alderhande Fryske ad-hocorkesten.

Tafallich binne de leden fan Regina Forte alle fjouwer wurksum yn it ûnderwiis. Lykas hast alle strikers woene se in moai strykkwartet oprjochtsje. Underwylst hawwe se mear as hûndert konserten jûn yn de noardlike provinsjes en dêrbûten, soms yn gearwurking mei Gerrit Breteler, Peter van der Zwaag, Wiebe Kaspers en Douw Fonda. Hja wiene op radio en telefyzje te beharkjen yn Noardewyn Live en Podium Witteman On Tour en yn oktober 2019 begelaten se Willeke Alberti yn Afas Live yn Amsterdam.

It kwartet folge masterclasses by ûnder oaren Johannes Leertouwer, Kees Dekkers, Douw Fonda fan it Vespucci Quartet, it Ruysdael Kwartet, it Dudok Quartet Amsterdam en it Bennewitz Quartet. Mei de lockdown yn ’e maitiid hawwe de leden fan Regina Forte de gelegenheid oangrepen om har te ferdjipjen yn it wiidweidige en betsjoenende Russysk klassyk repertoire. Sneintemiddei is it resultaat te hearren: fia Eastenryk en Tsjechië wurde de harkers meinommen nei it Ruslân fan Borodin en Shostakovich. Dat ûnthjit in bysûndere muzikale reis te wurden.

Regina Forte bestiet út:
Anna Molleman – fioele
Ina Andela – fioele
Inge van der Hoeven – altfioele
Douw Fonda – sello (ferfangt Andrea Meijer)

It kwartet spilet yn de sfearfolle Nikolaastsjerke fan Koarnjum op snein 22 novimber om 15.00 oere. De doar giet om 14.30 oere iepen. Tagong allinne nei oanmelding fia telefoan 06 – 5476 3154 of fia bobdeboer@pinupsanddowns.com. Annulearje kin, mar dan wol trije dagen yn ’t foar. Yntree € 17,50

novimber 18, 2020 08:52 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.