Stân fan saken rjochtsaak tsjin Waadhoeke – 4 novimber 2020

novimber 5, 2020 12:52

Ynstjoerd

Lykas bekend fier ik (mei help fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân) in beropssaak tsjin de gemeente Waadhoeke, omdat dy fúzjegemeente wegeret Fryske plaknammen offisjeel yn te fieren yn it eardere Frjentsjerteradiel. De gemeente hat myn berop net ûntfanklik ferklearre. Op 14 july 2020 (quatorze juillet vint-vingt) behannele de bestjoersrjochter yn Ljouwert dizze rjochtsaak. Binnen seis wike soe de útspraak dien wurde. Op 21 july makke de rjochtbank bekend dat de saak weriepene wie, omdat in bepaald dokumint fan de gemeente ûntbriek. Waadhoeke krige fjouwer wike de tiid om dat dokumint noch te leverjen. De gemeente koe dat net, mar hat wol in juridysk ferwarskrift nei de rjochter stjoerd. Op 2 oktober krige ik op ’e nij in brief fan de rjochter mei de meidieling dat de rjochtbank fan oardiel is dat genôch ynformaasje foar hannen is om in útspraak te dwaan en achtet it dêrom net nedich noch in sitting te hâlden. Dat soe allinnich barre as ien fan beide partijen dat wol nedich fynt. Binnen fjouwer wike moast dat kenber makke wurde, dus foar ein oktober.

Yn ’e mande mei de Topografyske Wurkgroep haw ik besletten gjin ferlet fan in nije sitting te hawwen. Fan de ôfdieling bestjoersrjocht fan de rjochtbank haw ik op 30 oktober begrepen dat Waadhoeke net reagearre hat, dus giet in nije sitting nei alle gedachten net troch. Dat betsjut dat de rjochter no nei minimaal seis wike útspraak dwaan sil. Dat kin dus noch duorje oant healwei desimber.

Wy hâlde jimme op ’e hichte. Oft ús berop yndied ûntfanklik ferklearre wurdt, moatte wy ôfwachtsje.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

novimber 5, 2020 12:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.