SP snijt bân mei radikalisearjende jongereinorganisaasje troch

novimber 25, 2020 08:55

De SP (Socialistische Partij) jout gjin jild mear oan jongereinôfdieling Rood. De partij jout ek gjin administrative stipe mear oan Rood. Reden is de beneaming fan Olaf Kemerink ta foarsitter fan Rood. Kemerink waard koartlyn út de SP set, om’t er oprôp ta in gewelddiedige striid. Sûnder lidmaatskip fan de SP mei men gjin lid fan Rood wêze.

Kemerink en fiif oare earder SP-leden wiene warber foar it Communistisch Platform en it Marxistisch Forum. Neffens harren binne dat streamingen yn de SP, mar it SP-bestjoer beskôget se as aparte partijen, wylst it lidmaatskip fan in oare partij foar SP-leden ferbean is.

SP-foarsitterske Jannie Visser seit: “Door het partijbestuur van de SP is vastgesteld dat de ontstane situatie in strijd is met de regels en daarom kunnen we daar geen verantwoordelijkheid voor nemen.”

Neffens de SP binne Kemerink en de oare fuortstjoerde leden “geradicaliseerde zolderkamercommunisten”. It bestjoer is bang dat radikalen de macht yn ‘e SP oernimme wolle en seit: “Zij willen de bevolking bewapenen om over te gaan tot een burgeroorlog.”

novimber 25, 2020 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.