Skoalle yn gefaar nei ynternetstokelderij fan learlingen tsjin spotprint

novimber 3, 2020 16:40

Op it Emmauskolleezje hong in spotprint fan Joep Bertrams, makke nei oanlieding fan de moard op de redaksje fan it tydskrift Charlie Hebdo yn 2015. Dy wie besprutsen yn it ramt fan de moard op Samuel Paty, de Frânske learaar dy’t koartlyn fermoarde waard troch in moslimterrorist dy’t fan betinken wie dat Paty straft wurde moast om’t er in spotprint yn syn les brûkt hie.

Learlingen fan it Emmauskolleezje wiene it net iens mei it ophingjen fan de print fan Bertrams, dy’t yn 2015 de Inktspotprijs foar de bêste politike kartûn wûn hat. Hja stokelen op Instagram minsken tsjin de skoalle op, mei as gefolch bedrigings oan it adres fan ‘e skoalle. Learlingen binne no benaud om nei skoalle ta te gean, sa lit de skoallieding witte:

novimber 3, 2020 16:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.