Simone Djurrema: Bytsje ferlern…

novimber 21, 2020 20:00

Kollum

Ik hie him hast oer de holle sjoen, as in reklamefolder lei er tusken wat oare post op ’e keukentafel en doe’t ik de boel opromje soe, seach it dat it him wie, De Nije!

Se hiene my frege om in stikje te skriuwen foar dy glossy en dat haw ik fansels mei in soad nocht dien. By it iepenslaan socht ik earst myn eigen stikje op en makke foto’s om reklame te meitsjen op Facebook en nei de famylje te stjoeren. Skoanmem fleach fuort nei de boekhannel om trije te keapjen. En doe begûn ik, tusken alles troch, te lêzen.

Prachtige artikels, nijsgjirrichheden, fan alles, in protte om yn mny omgean te litten. Ik haw him noch lang net út, mar ik fûn fuort al wat fan sommige dingen, dat ik tocht: earst mar mei de kollum oan ’e gong. Oeral wat fan fine, haw ik my jierren lyn fertelle litten, skynt hiel Nederlânsk te wêzen. Ik wit net oft it ek Frysk is.

Ik fûn wat fan it artikel ‘Fielst dy in Fries, in Nederlanner of Europeaan?’ Sieuwke wit it ferskil tusken in lyts Frysk doarp en de stêd. Mart hat in protte yn it bûtenlân west. It wie moai om oer harren ûnderfiningen te lêzen. Ik haw it idee dat ik in stapke fierder bin. Ik haw no mear as fiif jier yn Sweden wenne. Ik haw ea al ris skreaun: hoe langer oft ik yn it bûtenlân wenje, hoe mear oft ik my Fries fiel. Mar tagelyk lit ik oeral in stikje fan myn hert efter. As ik wat oer in plak lês of sjoch der’t ik op fakânsje in moaie tiid hân haw wurd ik bliid. As ik wat oer Georgia yn de FS sjoch of lês springt myn hert op. Dêr haw ik in jier wenne as au pair. Mar as ik bygelyks Fryske hynders sjoch of wat oars dat typysk Frysk is, dan moat it net krekt dy tiid fan ’e moanne wêze, want oars kin ik ek wolris in trientsje weiknipperje moatte. Dêr leit dochs echt wol it grutste part fan myn hert.

Ik fûn wat fan de eigenheid fan it Fryske lânskip. Ik fyn it inisjatyf fan de provinsjale Kommisje Romtlike Kwaliteit goed. Fansels soe ik it leafst hawwe dat der nea wat feroare, mar dat kin spitigernôch net. Ik haw noch meimakke dat de Sintrale As oanlein waard, mar ik mocht der pas oerhinne ride doe’t ik út Sweden wei op besite kaam. Dat is ek wol in hiel grutte feroaring; ik wie it paad hielendal bjuster!

Ik fûn wat fan it artikel fan Matthijs Verkuijl oer sûnenssoarch yn Europa. Hy hie my as ‘ervaringsdeskundige’ wol efkes belje kinnen. Ik wie it net hielendal mei him iens. Allinnich al oer wat ik út ’e earste hân heard haw en sels meimakke haw, kin ik wol in boek skriuwe! Misskien skriuw ik der nochris wer in kollum oer.

Ik fûn ek wat fan Geart Mak, dy’t oer kultueren en de EU skreau. Neffens him is it skaaimerk fan Europa just de ferskillen. Dat fûn ik wol wat hawwen. Hy neamt de swakte fan de Europeeske Uny, dat dy te folle de politike en ekonomyske kultueren mei-inoar ferienigje wol. Sweden kin der ek wat fan. Dat ferieniget himsels sels noch fuort. (Foar’t ik trochskriuw sil ik efkes polityk korrekt sizze dat ik ûnder oaren Syryske en Iraanske freonen haw en dat ik gjin problemen haw mei echte flechtlingen dy’t harren bêst dogge. Dan hawwe we dat út ’e wei.) Ik as Fryske fyn dat ik my oanpasse moat, dat wurdt ek fan my ferwachte. Mar wêroan moat ik my hjoed-de-dei oanpasse? Neffens it filmke ‘It Nije Lân’ (https://youtu.be/ShfsBPrNcTI) bestiet de Skandinavyske kultuer net. Sels de Sweedske gehakbaltsjes binne Turks. Krekt as de tulpen dus. Kinne tulpen dan net in skaaimerk fan Nederlân wurden wêze? Of gehakbaltsjes fan Sweden? Fansels binne alle kultueren opboud út alles wat troch de iuwen hinne ûntstien óf ymportearre is! Meastentiids giet dat stadichoan, en dat is in natuerlik ferrin. Mar no haw ik in promoosje- of reklamefilmke sjoen dat my oan it tinken sette. Allegearre prachtige gesichten yn allegearre kleuren, en ûnder in serieus muzykje hear ik ferskillende stimmen mei ferskillende aksinten fan ferskillende lannen dy’t allegearre hiele moaie dingen sizze wêr’t men it wol mei iens wêze moat ast men in hert yn it liif hat! (https://www.youtube.com/watch?v=WoQFUBgAMyo)

Der is gjin wei werom. Sweden wurdt nea wer sa’t it wie. Europa is yn feroaring en Sweden is nedich as in feilich plak foar minsken dy’t op ‘e flecht binne. No moatte we foarút sjen en in manier fine foar elkenien om mei-inoar te libjen. It is tiid om yn te sjen dat nije Sweden plak ynnimme sille, mei harren kultuer, talen en gewoanten. En it is tiid om dat as in positive krêft te sjen. Sweedsk te wêzen moat mear betsjutte meie as hûdskleur of berteplak. Wy – do, jimme en ik – wy moatte allegearre mei-inoar ien wêze. It binne net allinnich nije Sweden dy’t yntegrearje moatte. Elkenien moat yntegrearje, ek de oarspronklike Sweden. Yntegraasje moat fan beide kanten komme. Lit ús in takomst skeppe dy’t like folle basearre is op realiteit as op leauwen yn ‘e takomst. Lit ús oan in lân bouwe dêr’t wy haat en eangst yn oan ‘e kant sette. Wy hawwe allegearre it nije lân yn ús. Yn ús manier fan sjen, tinken en hanneljen. It is tiid dat wy mei-inoar in lân foarmje dat grutsk, omearmjend en duorsum is. Wat nijs: It Nije lân.

Wat soene Friezen hjirfan fine? Dat it miskien goed bedoeld is en der wat klungelich útkaam, lit ik hielendal tuskenbeiden. Oft it in utopy is fan dy organisaasje of dat it de fyzje fan it regear ôfspegelet, dêr wol ik it ek net oer hawwe. Mar nei myn betinken wurdt it Sweedse folk hjir, noch mear as yn de SAS-reklame, wol as ûnnoazele bern ôfskildere dy’t it gruttere plan net begripe. Der wurdt bûten harren om troch tûke minsken efkes útmakke dat it lân dêr’t se yn wenje fernijd wurde moat. Mar dat wurdt pas ferteld as it al safier is, want it is foar harren eigen bêstwil. Se wurde beskoalmastere. Of sjoch ik dat no sa ferkeard?

Simone Djurrema mei Sweedske en Iraanske freonen

Ik fyn it moai om wat fan de kultuer fan myn Arabyske en Perzyske freonen mei te krijen. Mar ik wenje yn Sweden. As it neffens dit filmke barre moat, giet it my fierstente hurd, en ferkeardom. Mar salang’t ik noch kollums skriuwe kin oer typysk Sweedske dingen, sille we mar hoopje dat it noch wat tafalt. Ik leau dat ik noch mar even yn De Nije lês. Want ik fiel my suver in bytsje ferlern.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

 

novimber 21, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.