Seespegelstiging better yn kaart mei nije satellyt Sentinel-6

novimber 21, 2020 09:44

ESA lansearret sneon 21 novimber yn Kalifornië de nije ierde-observaasjesatellyt Sentinel-6 Michael Freilich. De satellyt is fan krusjaal belang foar it wrâldwide ûndersyk nei klimaatferoaring en sil krekter as ea de stiging fan de seespegel yn kaart bringe.

Foto: NASA

De Sentinel-6-missy is ûnderdiel fan it Europeeske ierde-observaasjeprogramma Copernicus, dêr’t it KNMI oan dielnimt. It KNMI sil mei de gegevens fan Sentinel-6 wurkje. Mear as 90 persint fan de hjoeddeiske opwaarming fan de ierde wurdt opslein yn de oseanen, dy’t dêrtroch útsette. Lâniis teit en dat feroarsaket in noch gruttere stiging fan de seespegel. Dêrtroch stiigde de seespegel de ôfrûne desennia yn trochsneed mei 3,3 sintimeter de tsien jier. Underwilens is dat oprûn ta 4,0 sintimeter en dat sil nei alle gedachten yn de kommende desennia noch fierder oprinne.

Sentinel-6 is fierder wrâldwiid fan belang foar it kontrolearjen fan weachferwachtingen op see en stoarmfloeden oan ’e kust en mjit en de signifikante weachhichte en wetternivo’s.

Ynternasjonale gearwurking
De stiging fan de seespegel en feroaringen yn oseaanstreamingen wurde sichtber oer in perioade fan hast fjirtich jier. Sentinel-6 is ûntwikkele yn gearwurking fan Europa (EU, ESA, EUMETSAT) en Amearika (NASA, NOAA) en bestiet út twa satelliten. De earste wurdt hjoed lansearre, de twadde oer fiif jier. Tegearre sette se it ûndersyk en it monitoarjen fan see en klimaat mei satelliten, dat de Feriene Steaten en Europa sûnt 1992 útfiere, fuort oant yn elts gefal it jier 2030. Dêrtroch wurde de stiging fan de seespegel en feroarings yn oseaanstreamingen sichtber oer in rite fan hast fjirtich jier.

Boarne: KNMI

novimber 21, 2020 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.