Ryk jout Grinslân oardel miljard foar ierdskokskea
Resint ferskynd
It Ryk jout Grinslân oardel miljard as kompensaasje foar de skea dy’t de gaswinning yn dy provinsje feroarsake hat. It jild sil net allinne brûkt wurde om besteande skea te fergoedzjen, mar ek om nije skea foar te kommen.
Dat skriuwt it Dagblad van het Noorden. De krante meldt dat de oerheid freed nei ferwachting de details fan de nije plannen buorkundich makket. Wol wurde al ûnderskate nije regelings neamd.
Eigners fan wenten mei skea krije bygelyks de oanpassing of de fergoeding dy’t harren tasein is. Eigners fan skansearre wenten kinne yn stee dêrfan ek oanspraak meitsje op in bedrach fan trititichtûzen euro. Eigners fan wenten dy’t noch net keurd binne, kinne yn beskate gebieten ek in bedrach fan tritichtûzen euro krije. Sa’n fjouwertûzen wenten komme dêrfoar yn ‘e beneaming.
Eigners fan sa’n tsientûzen wenten dy’t mooglik ûnfeilich binne, kinne in keuring oanfreegje. As blykt dat de huzen net feilich binne, dan kinne hja in bedrach fan tsien- oant achttjintûzen euro krije foar it ferbouwen derfan.
Sa’n trijehûndert miljoen euro giet nei it ferbetterjen fan de doarpen en wiken mei in soad skea. It jildt wurdt dêr brûkt om bygelyks de diken en it rioel te fernijen. Hûze-eigners dy’t bûten de skearegelings falle, kinne ûnder beskate betingsten in subsdyzje fan tsientûzen euro krije foar it duorsumer meitsjen fan harren hûs.
De provinsje Grinslân en de gemeenten yn it ierdskokgebiet krije santich miljoen euro om de ôfhanneling fan ‘e skea te regeljen. Fierders wurdt der fyftich miljoen euro reservearre foar slim persoanlik leed dat bûten de oare regelings falt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje