Reinwâld is klimaatferoaring better treast as ferwachte waard

novimber 27, 2020 13:02

Dat it klimaat feroaret, kin men mei goed fetsoen net mear ûntstride. Dochs liket it as binne de gefolgen dêrfan minder rampsillich as dat wittenskippers earder eangen. Nij ûndersyk lit sjen dat it Súd-Amerikaanske reinwâld de klimaatferoarings foar in part treast is.

Bosken binne tige wichtich by it ôfremjen fan ‘e klimaatferoaring. Se nimme koaldiokside op en beheine dêrtroch it broeikaseffekt dat soarget foar opwaarming fan ‘e ierde. In betingst is lykwols dat der genôch wetter yn ‘e grûn sit. Sûnder wetter kinne beammen en planten net libje en dus ek gjin koaldiokside opslaan.

Besteande rekkenmodellen geane derfan út dat wetterkrapte in grut risiko foarmet foar de Súd-Amerikaanske reinwâlden. De drûchte soe op koarte termyn liede ta it stjerren fan in soad beammen en planten. Neffens Julia Green fan de Columbia University blykt út nij ûndersyk dat de beammen yn ‘e reinwâlden har oanpasse: de beammen litte de âlde blêden falle en meitsje nije blêden oan dy’t effektiver binne yn it omsetten fan koaldiokside. Dêrtroch kinne yn drûge gebieten de beammen sels better koaldiokside út de lucht helje as yn wiete gebieten. Undersiker Pierre Gentine seit: “Neigeraden dat beammen ûnder druk komme te stean, meitsje se effisjintere blêden dy’t de wetterkrapte probleemleas kompensearje.”

Dat wol net sizze dat beammen hielendal sûnder wetter kinne. Der is wol in minimum, beklamje de ûndersikers. Frou Green seit: “Us ûntdekkings binne dus gjin ekskús om op te hâlden mei koaldioksidebeheinenende maatregels.”

novimber 27, 2020 13:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.