Provinsje Fryslân wol sels belesting heffe
Resint ferskynd

Sander de Rouwe
Fryslân moat sels belesting heffe kinne. Dat is it betinken fan it provinsjebestjoer. Op it stuit is der al in beheinde mooglikheid, fia de provinsjale opsinten by de wegebelesting. Neffens deputearre fan finânsjes Sander de Rouwe soe Fryslân lykwols mear mooglikheden krije moatte en helje jild by de eigen ynwenners wei om dat yn Fryslân te brûken.
It doel is net dat minsken mear belesting betelje, seit De Rouwe. Hy wol dat de provinsjale belesting de besteande gemeentlike of Ryksbelesting foar in part ferfangt. “It makket ús minder ôfhinklik fan De Haach en wy steane tichter by de eigen ynwenners”, seit er. Neffens him past de oerheveling by it fuortsterkjen fan de provinsje as bestjoerslaach.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje