Priuwprogramma ‘Wat maak je Menu’

novimber 29, 2020 08:51 Fernijd

Is kwalleslaad wól lekker ast gjin idee hast datst op in weakbist sitst te sobbeljen? Smulsto fan fiskgraten as dy derútsjogge as sjips? Ytsto eins foaral mei de eagen? Dat wurdt útsocht yn it priuwprogramma ’Wat maak je me nu’. Stipe troch in jonge gastkok makket de kulinere twaling Jasper en Marius Gottlieb eltse ôflevering yn harren fjildkoken ferrassende gerjochten mei bysûndere yngrediïnten. Mar is it wol wat om yn te nimmen?

Foto: NTR

Dat wurdt útsocht yn it Testaurant. De gasten dy’t de jonge kok útnûge hat, priuwe sûnder dat se witte wat se ite. Smeitsje de sprinkhoannen à la Gottlieb? Komt it miel wer nei boppen, no’t se witte dat se op buffalowjirmen gnabbe ha? Wylst it Testaurant op folle toeren draait, lost rockkok Vjeze Fur in smaakprobleem fan in kuolkastgast op. En syn magyske itensiederskeunsten lûke sels de grutste brokkolybrakers, biteskriemers, tomatehaters en woartelwegerders oer de streek.

De ferrassende yngrediïnten meitsje fan ‘Wat maak je Menu’ in smaaklik en fermaaklik priuwprogramma, dêr’t tusken de gongen troch ek noch wat fan op te stekken falt.

Produsint: Kleine Storm yn koproduksje mei NTR
Utstjoering: fan snein 6 desimber ôf om 17.20 oere op NPO Zapp

Foto: NTR

novimber 29, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.