Oersetter Jan Popkema dwaande mei Baron von Münchhausen

novimber 20, 2020 10:44

Foto © Provinsje Fryslân

Juster krige Jan Popkema fan Burgum út hannen fan deputearre Sietske Poepjes de dr. Obe Postmapriis foar de Fryske oersetting fan it boek Das Parfum. Dat barde by Popkema thús. De priis bestiet út in bedrach fan 2000 euro en in oarkonde.

It wenstige programma koe fanwegen de koroanmaatregels net naaid wurde sa’t it knipt wie. De organisatoaren – Explore the North, Tresoar en provinsje Fryslân – wolle takomme jier omtinken freegje foar de winner, syn wurk en it ûnderwerp literêr oersette. Dan kin rjocht dien wurde oan de winnende oersetting. Wannear’t dat wêze sil is no noch net te sizzen.

De fjouwerjierlikse dr. Obe Postmapriis is ornearre foar oersettingen fan en nei it Frysk. Dizze giet it om it tiidrek 2016 – 2019. De priis wurdt útrikt út namme fan de provinsje Fryslân. De organisaasje is yn hannen fan Tresoar. De priis is neamd nei dichter Obe Postma (1868-1963), dy’t sels Fryske oersettingen makke hat út ûnder mear it Dútsk en Amerikaansk.

Underwilens is Popkema dwaande mei it oersetten fan de bekende ferhalen fan Baron von Münchhausen. Dy Dútske ealman krige yn de 18de iuw wrâldwide bekendheid as ferteller fan sterke ferhalen. It is dit jier trijehûndert jier lyn dat de baron berne is. Syn stoarjes binne al yn tsientallen talen oerset, mar noch net yn it Frysk. It boek sil yn 2021 útkomme by Utjouwerij Regaad, en útrist wurde mei gâns kleureyllustraasjes.

Mear ynformaasje oer de priis stiet op provinsjale prizen. Ynformaasje oer eardere winners is te finen op Sirkwy.

novimber 20, 2020 10:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.