Priisfraach: skriuw bêste senario foar Frysktalige film
Resint ferskynd
Ferskate Facebookkontakten wiisden ús op in filmwedstriid fan New Noardic Waves. Minsken kinne in senario skriuwe foar in film (fiksje of dokumintêre) oer Fryslân, yn it Frysk. De bêste twa kinne elk in priis fan 4500 euro winne. New Noardic Wave helpt fierders by it finen fan minsken dy’t helpe kinne by it opnimmen en produsearjen fan de films.
Dat de priisfraach net fuort opfoel, komt troch it taalgebrûk, dat troch ús kontakten de gek oanstutsen waard. It is in ûnbegryplik soarte “Nederlânsk”, fol mei reklamegjalpen dy’t foar in breed publyk ûnbegryplik binne. Wy jouwe de tekst dochs mar, yn ‘e hope dat jimme de kearn der wol út helje. Ommers: dat se by New Noardic Wave net skriuwe kinne is fansels spitich, mar dat nimt net wei dat de priisfraach in aardich idee is.
Mear ynformaasje op ‘e Facebookside fan New Noardic Wave.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje