Polityk

novimber 4, 2020 08:25

Ynstjoerd

foto Matthijs Verkuijl

Martin Levi, direkteur fan in grut sikehûs yn London, foarhinne wurksum as ynternist yn it AMC, hie op in stuit in oerlis mei de minister fan folkssûnens fan Ingelân. It gie oer it faksin tsjin de koroanaynfeksje en de mooglike bywurkingen en wêrom’t it net no al op de merk komme soe.

De minister andere: “As immen yn dit lân stjert as gefolch fan it faksin, bin ik dêr ferantwurdlik foar om’t ik no al tastimming jou, wylst it noch te betiid is om it te yntrodusearjen. As wy wachtsje op de ein fan de studzjes, dan is de relaasje tusken myn persoan en in eventuele bywurking folle minder dúdlik!” Mei oare wurden: in politikus wol net persoanlik earne de skuld fan krije.

Men kin dat hâlden en dragen op ferskate wizen besjen: ferstannich en bestjoerlik korrekt of lef en ynjûn troch ûnwissichheid en eangst. Sels tink ik it lêste. Hjoed-de-dei, mei de koroanakrisis, kin men dat fenomeen hast wol alle dagen sjen by alderhande politisy, bestjoerders, boargemasters ensfh. Hieltyd ferskûlje se har efter regels en rjochtlinen.

In moai foarbyld spile him ôfrûne wykein ôf yn West-Skylge. Normaal hawwe se dêr yn it begjin fan novimber de ‘’berenloop’’, in wedstriid hurdrinnen oer ferskillende ôfstannen, bygelyks de maraton. Dit jier hat de organisaasje in firtule wedstriid betocht. De medaljes koene letter mei de post ferstjoerd wurde of se koene ôfhelle wurde op Skylge sels. En doe wie der panyk by de boargemaster. Wat no?

Lokkich betocht immen fan de gemeente dat it dochs te folle as in evenemint beskôge wurde kinne soe! En dat mei fansels net neffens de regels, dat it gefolch wie dat de útrikking fan medaljes healwei de dei ophâlde moast. Dat, nettsjinsteande alle foarsoarchsmaatregels dy’t de organisaasje nommen hie. Ferrekte spitich.

Bravo, broekjeskiters, wat in aksje!!

Matthijs Verkuijl

novimber 4, 2020 08:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.