Podcast ‘Boekekast’ kriget in ferfolch mei nije eksklusive ferhalen

novimber 7, 2020 09:03

De moaiste Fryske ferhalen yn de tsjusterste dagen fan it jier

De podcast Boekekast fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân kriget in ferfolch. Fryske skriuwers skreauwen spesjaal foar it twadde seizoen in ferhaal. Diskear binne it dus gjin passaazjes út besteande boeken, mar spesjaal skreaune ferhalen. De earste podcast mei in ferhaal fan Hilda Talsma stiet no online.

Ofbylding: Omrop Fryslân

Alle wiken komt op sneon in nij literêr ferhaal online. It giet om ferhalen fan Fryske skriuwers Hilda Talsma, Ferdinand de Jong, Piter Boersma, Geart Tigchelaar, Jetske Bilker, Jaap Krol, Lida Dijkstra en Thys Wadman. Sneon 7 novimber wurdt úteinset mei it ferhaal ‘Old School’ fan Hilda Talsma. Oare ferhalen binne bygelyks ‘It suske fan…’ fan Thys Wadman en ‘Hoe’t ik it fjildfirus skipe’ fan Lida Dykstra.

Neist it ferhaal is yn de podcast ek in ynterview mei de skriuwer te hearren. Presintatrise Karen Bies giet mei de skriuwer yn petear oer it ferhaal, de eftergrûn en de literatuer. Omrop Fryslân en Boeken fan Fryslân, yn gearwurking mei City of Literature, wolle ek mei it twadde seizoen de Fryske literatuer ris op in oare wize ûnder de oandacht bringe.

Boekekast
De earste Boekekast fan de nije rige komt sneon 7 novimber online op Omropfryslan.nl/boekekast, de Omrop-app en de bekende podcast-kanalen.

novimber 7, 2020 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.