Plysjebus yn Snits opblaasd mei fjoerwurk
Resint ferskynd

Foto: Plysje Nederlân
De plysje fan Snits siket tsjûgen fan de fernieling fan in plysjebus yn Snits. De bus stie op in ôfsletten binnenplak fan it plysjeburo oan it IJlsterplein. Sneontenacht tusken twa en trije oere is in rút fernield en dêrnei is swier fjoerwurk yn de auto smiten. De wein rekke slim skansearre.
It giet om in Cobra 6, yllegaal fjoerwurk, dat yn de auto smiten waard. As minsken wat sjoen hawwe, kinne se kontakt opnimme mei de plysje op telefoannûmer 0900-8844.
De plysje siket ek om byldmateriaal fan bewakingskamera’s yn de buert.
Boarne: Omrop Fryslân
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje