Operafilm kado foar alle Fryske ynwenners

novimber 10, 2020 09:19

Kulturele krystgroet yn koroanatiden fan de gemeente Weststellingwerf en Opera Spangea

De gemeente Weststellingwerf en Opera Spangea biede alle ynwenners fan Fryslân yn de krystfakânsje de mooglikheid om de operafilm The Other te sjen. De opera mei it tema ûnferdraachsumheid is makke yn it ramt fan 75 jier Frijheid. Ferline wike tongersdei krigen alle Fryske boargemasters de oankundiging fan dit Weststellingwerfske geskink. Heal desimber kinne ynwenners fia in link gewoan thús genietsje fan dit prachtige kulturele wurk.

Foto: Opera Spangea

Koroanakrisis
Fanwege de koroanakrisis is in besite oan kulturele foarstellingen mar beheind mooglik. De foarstellingen fan de opera The Other fan Opera Spangea, it Verona fan Weststellingwerf, giene fan ’t simmer dan ek net troch. Corina van Eijk, de artistyk lieder fan Opera Spangea, besleat om fan de opera in film te meitsjen. Spitigernôch is it troch koroana ek net mooglik om de film op lokaasje sjen te litten. Om dit prachtige wurk dochs yn it jier fan 75 jier Frijheid sjen te litten en fanwegen it kulturele belang fan Opera Spangea jout de gemeente Weststellingwerf de film kado oan it Fryske publyk. De film is te sjen yn de krystfakânsje. Opera Spangea makket de link foar The Other heal desimber bekend.

Operafilm oer ûnferdraachsumheid
De operafilm The Other is makke yn it kader fan 75 jier Frijheid. Dizze opera giet yn op de oanhâldende ûnferdraachsumheid en de wrakseling mei de ynstream fan flechtlingen yn Europa. De film spilet yn de katedraal fan Lissabon op Peaskesnein 1506. Tûzenen nij-kristenen (bekearde joaden en Arabieren) wurde yn ien dei it slachtoffer fan in bange mannichte. In roomske Fryske seeman, in joadske jildsjitter út Spanje en in jonge moslimfrou út Egypte ûntdekke yn in grot ûnder de katedraal dat identiteit mar in skaad is, in fertekene byld dat op de muorren fan harren eangsten projektearre wurdt. Yn it deiljocht blike hja freeslike misdieden begien te hawwen.

De opera wurdt songen yn it Ingelsk, Arabysk, Hebriuwsk en Frysk en is ûndertitele yn it Nederlânsk of Ingelsk. The Other is geskikt foar sjoggers fan 15 jier ôf.

‘Stiekm Trots’
Dit kulturele geskink oan de Fryske ynwenners komt fuort út de gearwurking tusken de gemeente en Opera Spangea. De gemeente Weststellingwerf nimt de kosten foar syn rekken. Boargemaster André van de Nadort en wethâlder Kultuer Roelof Theun Hoen binne wol ‘Stiekm Trots’ op Opera Spangea, it Verona fan Weststellingwerf. Wethâlder Hoen: “Mei Opera Spangea hawwe wy op it gebiet fan kultuer al 31 jier in fantastysk selskip yn Noard-Nederlân dêr’t wy mei rjocht grutsk op binne. In soad besikers út hiel Nederlân komme alle simmers nei Spangea om de foarstelling te sjen. Spitigernôch koe dat dit jier fanwege koroana net trochgean. Mar dat betsjutte net dat Corina van Eijk it derby sitte liet. Se boude de opera om ta film en elkenien yn Fryslân hat no de kâns om dy te sjen.”

Opera Spangea
Opera Spangea makket al 31 jier opera’s yn it natuerpark De Rottige Meente by Spangea. Sa wie der bygelyks de opera Aida by Kulturele Haadstêd 2018 Ljouwert-Fryslân mei goed 8.000 besikers. Mei subsydzje fan Provinsje Fryslân, it Fonds Podiumkunsten en de gemeente Weststellingwerf wurdt Opera Spangea fan 2021 ôf it Noordelijk Operahuis. Mei in simmer- en winterprogramma mei nije produksjes mei noardlike gearwurkingsferbannen en talintûntwikkeling en kultueredukaasje foar studinten en learlingen yn gearwurking mei skoallen en noardlike kultueropliedingen lykas konservatoarium Swol.

novimber 10, 2020 09:19
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Froukje novimber 11, 10:43

    Ik sjoch dernei út om dizze film te sjen!

  2. Redbad novimber 11, 14:44

    Us indentiteit in ‘skaad’ en in fertekene byld…? It moat net mâlder wurde!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.