Onno Loonstra presintearret lytste muzykalbum fan it lân

novimber 16, 2020 08:02

Krimp, sa hjit it nije album fan sjonger/ferskeskriuwer Onno Loonstra (52) út Ie. “Tsjintwurdich is ‘krimp’ hast in skelwurd, mar ik tink dat it dé oplossing is. Elkenien wol mear en grutter, mar as we no allegearre wat minderje, dan komme we in hiel ein”, seit Loonstra dy’t yn it deistich libben restauraasjeskilder is. Syn album is letterlik lyts. Sterker noch, it koe noch wolris it lytste muzykalbum fan it lân wêze.  

Onno Loonstra (foto: Marit Anker)

De cd is opnommen yn gearwurking mei Kees Bode yn syn studio yn Kollum (Vleugel Producties). Syn muzykstyl omskriuwt Loonstra as Fryske folk, hjir en dêr te ferlykjen mei Piter Wilkens en Gurbe Douwstra. De alve ferskes op it nije album binne ferskillend, mar wol mei ienfâldige, goed yn it gehoar lizzende, melodyen. Loonstra wol mei syn ferskes in boadskip oerbringe, sûnder it better te witten. Krimp rint as in reade tried troch de nûmers hinne. Ferskes dy’t derby oanslute binne ‘Us eigen wrâld’ en ‘De Storm’. Dat lêste nûmer hat er foar de Lytse Priis fan Fryslân foar sjonger-ferskesskriuwers skreaun, dêr’t er yn de finale siet.  It is it iennige Nederlânsktalige nûmer fan it album dêr’t ek in clip by opnommen is. “It nûmer giet oer koroana mei ferwizing nei Jona út de Bibel, dy’t warskôget foar de stoarm yn Ninevé. Yn myn yntroduksje by dia nûmer fertel ik dat it yn it bibelferhaal goedkaam om’t de ‘Kening’ harke en it foartou naam. En wat docht ús kening? Hy smyt mei it jild en giet gewoan yn koroanatiid op fakânsje nei Grikelân.”

Onno Loonstra (foto: Marit Anker)

Gjin presintaasje, wol te keap
Yn it nûmer ‘Suze Nanne’ makket de sjonger dúdlik dat it net om pracht en praal yn it libben giet en it liet ‘Wachtsje’ giet oer de dea. “It libben is wachtsjen, mear is it net. Dat heart miskien deprimearjend, mar ik wol dermei sizze datsto dy eins net drok meitsje moatst.” Guon lietsjes op it album binne humoristysk en werkenber, lykas ‘Fakânsje’, dat foar in part biografysk is. “Wy giene eartiids mei de optearwein nei Appelskea op fakânsje. Dêr ha ik myn ynspiraasje úthelle”, fertelt Loonstra. It wie de bedoeling om op 15 novimber it nije album yn De Groen Kunst & Cultuur in Dokkum te presintearjen. “Dat giet no troch koroana spitigernôch net troch. Mar it album is no wol te keap en derfoar hoege minsken de doar net út. Ik bin benijd fan wat de minsken derfan fine. Oan de oare kant kin ik my der net sa drok om meitsje. Dit bin ik.”

Sjoch foar mear ynformaasje en it bestellen fan it nije muzykalbum: www.onnosjongt.nl.

novimber 16, 2020 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.