Oanslach op hûs Brabânske boargemaster
Resint ferskynd

Foto: Plysje Nederlân
It hûs fan ‘e boargemaster fan it Noard-Brabânske Woensdrecht, deun by Antwerpen, is yn de nacht fan sneon op snein slim skansearre rekke troch in bom. Boargemaster Steven Adriaansen is tige kjel wurden. Hy seit dat er gjin idee hat wa’t efter de oanslach stiket.
De foardoar fan it hûs is stikken, krekt as de garaazje. In ôfdak is fan ‘e gevel ôf kaam. In auto dy’t op ‘e reed stie, is ek skansesearre. De bom, dy’t om kertier oer ienen ûntplofte, wie makke fan fjurwurk.
De plysje leaut net dat de oanslach ferbân hâldt mei reboelje yn Roosendaal, net fier fan Woensdrecht. Dêr waard ek fjurwurk by brûkt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje