Oanbod fysioterapypraktiken ferskilt bot yn Fryslân

novimber 17, 2020 08:52

Op de tsientûzen ynwenners binne yn Fryslân 6,3 fysioterapypraktiken te finen. Fan gemeente ta gemeente ferskilt it oanbod bot: fan 1,9 praktyk op 10.000 ynwenners yn Harns oant 17,3 praktiken op Flylân. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Independer dat – yn oanrin nei de Nasjonale Dei fan de Fysioterapeut – eigen gegevens en data fan it CBS analysearre.

Foto: Independer

Ferskillen binne grut de gemeente
Neffens it tal ynwenners binne de minste fysioterapypraktiken te finen yn Harns (1,9). Yn Weststellingwerf is it oanbod ek krap mei 3,9 praktiken op 10.000 ynwenners. De grutste útsjitter yn Fryslân is lykwols de gemeente Flylân mei 17,3 fysioterapypraktiken op 10.000 ynwenners. It Amelân (13,5) en Skiermûntseach (10,6) hawwe ek in relatyf grut oanbod neffens it tal ynwenners.

Oanbod Fryslân relatyf leech
Fryslân telt – relatyf sjoen – in leech tal fysioterapypraktiken. Op de 10.000 ynwenners binne der 6,3 praktiken te finen yn ’e provinsje. Dat oantal leit leger as it lanlik trochsneed fan 6,6 praktiken op 10.000 ynwenners. De minste fysioterapypraktiken binne lykwols te finen yn Gelderlân (5,9).

Minsken mei lichaamlike klachten hawwe dêrfoaroer de measte kar yn Limburch. Dêr binne nammentlik 7,8 fysioterapypraktiken te finen op 10.000 ynwenners.

Fysioterapy net yn basisfersekering
Bas Knopperts fan Independer: “Wy hearre faak misferstannen oer fysioterapy. Sa wit lang net elkenien dat fysioterapy net ûnder de basisfersekering falt en men meastal sels betelje moat as men der gjin oanfoljende fersekering foar hat. Der is wol in útsûndering foar minsken mei beskate groanyske oandwanings. Dy krije fysioterapy fan de 21e behanneling ôf út de basisfersekering fergoede. Jongerein oant achttjin jier krije de earste njoggen fysiobehannelingen altyd út de basisfersekering fergoede.”

Mear ynformaasje oer it ûndersyk stiet op Independer.

novimber 17, 2020 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.