Nije Skotske partij striidt tsjin ferbod op gebrûk Gaelic
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Berneboeken Dr. Seuss út de hannel nommen: lêste eksimplaren binne rôversguod 2
Scotia Future, in nije politike partij yn Skotlân, is by de earste ferkiezings dêr’t er oan meidocht al oanrûn tsjin taaldiskriminaasje. De partij, dy’t in útsprutsen foarstanners is fan in ûnôfhinklik Skotlân, woe op it stimbiljet in biedwurd yn it Gaelic hawwe. Yn Skotlân is it tastien om in logo en in biedwurd fan de partij op it stimbiljet op te nimmen.
De tekst waard lykwols ôfwiisd troch de Skotske kieskommisje, dy’t út namme fan ‘e oerheid neirydt oft de partijen harren oan ‘e regels hâlde. It docht bliken dat de wet allinne Ingelsktalige teksten tastiet. De kieskommisje docht te witten sels foarstanner te wêzen fan feroaring fan dy wet, mar dat moat dan wol fia it parlemint yn Londen gean. Foar Wales jildt dat Ingelske en Welsktalige teksten op stimbiljetten tastien binne.
Andy Doig fan Scotia Future seit dat benammen yn ‘e westlike Heechlannen, dêr’t de grutte mearderheid fan ‘e Gaelicpraters wennet, it gebrûk fan dy taal mearwearde hat. Hy neamt de besteande wetjouwing diskriminearjend en hat justysje yn Londen formeel fersocht om der by it parlemint yn Londen op oan te stean dat de wet oanpast wurdt.
Net ferblikke!