Nije TV-rige oer foarm fan aldendeiske gebrûksfoarwerpen

novimber 1, 2020 08:44

Utstjoering: fan 8 novimber ôf, sneins om 22.50 oere op NPO 2

Alle dagen stappe we yn ’e auto, drinke we kofje út in kofjekopke en sjogge we op it horloazje om te sjen hoe let oft it is. Foar ús aldendeiske foarwerpen dy’t we as fanselssprekkend brûke. Untwerpster Christien Meindertsma tinkt dêr oars oer.

Christien Meindertsma (foto: NTR)

Yn ’e twadde rige fan it NTR-programma Voor de vorm siket se út wêrom’t it kofjekopke, de auto, de stoel, it horloazje, de gloeilampe, it bêd, de krystbal en de pump de foarm hawwe dy’t se hawwe. Troch opnij nei dy gebrûksfoarwerpen te sjen, ûntdekt se bysûndere ferrassings. Efter de oarsprong, skiednis en foarmûntwikkeling fan dy foarwerpen sitte faak ferrassende, oandwaanlike en lang net altyd foar de hân lizzende ferhalen.

Nei it sjen fan Voor de Vorm sjogge je oars nei jins horloazje en sitte je nea mear gelyk op in stoel. Want wa’t sjocht en siket, fynt efter eltse foarm in ferhaal. Sa komt Christien derefter dat sûnder de skipper op see, it polshorloazje nea útfûn wie. Pumps mei hege hakken waarden eartiids mear droegen troch manlju as troch froulju. En we slepten eartiids rjochtop om’t we leauden dat we oars yn ’e sliep ferstjerre soene. De earste ‘krystbal’ wie hielendal gjin bal: de earste krystbeammen yn ’e njoggentjinde iuw waarden fersierd mei fruit en nuten. It wie eartiids wenst om kofje te drinken fan it skûteltsje yn stee fan út in kopke. En der is neat sa dreech as it ûntwerpen fan in stoel.

Christien sjocht by elts foarwerp ek nei de takomst. Is it útûntwikkele of stean der noch fernijings op priemmen?

Ofleverings:
Snein 8 novimber – Kofjekopke
Snein 15 novimber – Auto
Snein 22 novimber – Stoel
Snein 29 novimber – Horloazje
Snein 6 desimber – Gloeilampe
Snein 13 desimber – Bêd
Snein 20 desimber – Krystbal
Snein 27 desimber – Pump

Produsint: De Haaien

novimber 1, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.