Nije fideorige: ‘Chiara leart Grinslânsk’

novimber 25, 2020 08:54 Fernijd

Begjin dizze moanne starte Olaf Vos, streektaalkonsulint fan Centrum Groninger Taal & Cultuur (CGTC), mei de earste les Grinslânsk foar it fuortset ûnderwiis. De les is ûnderdiel fan in lespakket Grinslânsk, spesjaal gearstald foar learlingen yn it fuortset ûnderwiis.

Ofbylding: Grandioos Groningen

De earste pilotles waard jûn oan learlingen fan it Ubbo Emmius Winschoten. Dy sille yn tsien lessen yn ’e kunde komme mei de Grinslânske taal. Sûnt heal novimber hat Vos der in nije learlinge by: Chiara. Yn de nije fideorige Chiara leert Gronings folgje de learlingen Chiara yn har syktocht nei de Grinslânske taal en kultuer. Tsien ôfleveringen lang skoot se oan by de lessen Grinslânsk fan Olaf Vos en hja giet de dyk op om yn petear te gean mei Grinslanners oer de Grinslânske taal. De nije searje is no te besjen op it online fideokanaal fan Grandioos Groningen.

Chiara
Chiara Ringnalda is 23 jier en studearret marketing & kommunikaasje oan it Alfa College yn Grins. Hoewol’t se hikke en tein Grinslânske is, praat en ferstiet se hast gjin Grinslânsk. De woartels fan har âlden en fan har famylje lizze yn Brabân en Limburch en oan ’e keukenstafel waard dêrom gjin wurd Grinslânsk praat. Har freon Dennis en har skoanfamylje út Ten Boer prate wol Grinslânsk. Om by jierdeis dochs aardige petearen in t Grunnegs mei de famylje fiere te kinne, besleat Chiara de streektaal te learen.

Op syk nei it Grinslânsk
Sûnt sneon 14 novimber is de earste ôflevering fan Chiara leert Gronings online te besjen op de YouTube-side fan Grandioos Groningen. Dy útstjoering is in foarpriuwke fan wat komme sil. Chiara giet mei Vos en de learlingen fan it Ubbo Emmius yn Winschoten oan ’e slach mei de Grinslânske taal en kultuer. Neist it folgjen fan de taallessen sil Chiara it Grinslânsk oefenje en yn ’e praktyk bringe. Alle wiken giet se mei minsken op ’e dyk yn petear en stelt se harren fragen dy’t passe by it ûnderwerp yn ’e les. Se sil ek op syk nei typysk Grinslanner lekkernijen en se leart har freonen koroanafeilch yn ’e kunde te kommen mei Grinslân en it Grinslânsk oan ’e hân fan in Grunneger kwis.

Chiara leert Gronings is alle sneonen fan 12.00 oere online te sjen fia it Grandioos Groningen YouTube-kanaal. Besjoch hjir de earste ôflevering.

Grandioos Groningen
It online fideokanaal Grandioos Groningen, oprjochte troch Rob Mulder, makket programma’s mei in noflike toan foar alle jierren en ynteressen. De programma’s binne te besjen fia it YouTube-kanaal en fia de sosjale media-kanalen fan Grandioos Groningen. It programma Chiara leert Gronings wurdt realisearre yn gearwurking mei Centrum Groninger Taal & Cultuur (CGTC). Sjoch foar mear ynformaasje op www.grandioosgroningen.nl.

novimber 25, 2020 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.